10911 ferhier lisplak rekreaasje-ark yn it Grietmansrak tichteby De Feanhoop
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in lisplak (wetter/ûndergrûn) foar in rekreaasje-ark yn it Grietmansrak tichteby De Feanhoop, grinzjend oan it perseel kadastraal bekend gemeente Oudega, seksje E, nûmer 2309, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| ODG00E 02407 | 2.02.09 ha | 0.00.57 ha | 2.01.52 ha |
| ODG00E 02407 | 2.02.09 ha | 0.00.20 ha | 2.01.89 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.
De ûndergrûn fan- en it wetter by it lisplak leit foar in part yn provinsjaal wetter en grinzet (allinnich) oan it perseel van hierder. De hierder wol it lisplak ynsette foar it brûken fan de eigen rekreaasje-ark mei tabehearren. Foar dizze lokaasje is in fergunning ferplichte.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante 27-06-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
Frou A. Atsma, berikber op 058-292 5166 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.