10 jier Iepen Mienskipfûns - Feiten en resultaten
Dit jier bestiet it IMF 10 jier.
Op dizze side fine jo meikoarten allegear data oer wat ús fûns de ôfrûne jierren berikt hat per gemeente mar ek magazine mei útljochte projekten.
Alfêst in foarpriuwke:
Wisten jo dat:
- It Iepen Mienskipsfûns yn 10 jier mear as 2500 projekten stipe hat
- De provinsje Fryslân hjirmei yn mear as € 37.000.000 euro jûn hat oan projekten fan ûnderop
- De totale omfang fan alle IMF projekten mei-inoar € 178.388.357 is
- Dy totale som jild dy't yn projekten fan ûnderop stutsen is troch alle finansiers mei-inoar € 268,57 euro de ynwenner is.
- Elke euro dy ’t de provinsje yn projekten ynvestearret soarge foar € 4,78 út de Fryske mienskip.
- Dy multiplier yn Weststellingwerf it heechst is mei € 7,23
- It IMF trochinoar 22% fan in projekt finansieret
- Yn de gemeente Súdwest-Fryslân it measte IMF jild bedarre en dizze gemeente ek it measte kearnen hat: 83 doarpen en 6 stêden.
- Der troch de provinsje Fryslân € 56,- de Fryske ynwenner ynvestearre is yn leefberensinisjativen.
- It Iepen Mienskipsfûns is ûntstien om projekten fan ûnderop yntegraal te betsjinjen.
- It Iepen Mienskipsfûns hjit fanwegen it tema fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018: De Iepen Mienskip
- It fûns mei 5 regio’s wurket mei elk in deputearre as foarsitter fan de advyskommisje.
- Der 42 advyskommisjeleden de projekten lêze en skoare
- Der út it Iepen Mienskipsfûns wei in Europeesk Kennisútwikselingsprojekt ûntstien is: GoCore
- It hjoeddeistige Iepen Mienskipsfûns programma it tema “Oparbeidzje mei de frijwilligers” hat en noch oant en mei 2027 rint
- Provinsjale Steaten by de begruttingsbehanneling fan 2026 it fûns ferheget - en de rintiid ferlinget mei € 5 miljoen euro.
- Provinsjale projektadviseurs it aldergelokst wêze as se belje meie om te sizzen “de advyskommisje fûn jimme projekt prachtich en it hat genôch punten skoard foar it subsydzje dat frege is”.