1. Waadrinne grutte groepen

Fia dizze side freegje jo as waadrinorganisaasje in waadrinfergunning oan foar it organisearjen fan waadrintochten mei grutte groepen oant maksimaal 60 persoanen, ûnder begelieding fan waadringgidsen/begelieders.
Fergunning oanfreegje
Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo e-Herkenning nivo 2 + nedich.
Goed om te witten
De fergunning dy 't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2032. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier duorret it likernôch 8 wiken foardat jo de fergunning binnen hawwe. De kosten foar dizze fergunning binne ôfhinklik fan it tal minsken dêr 't jo it Waad mei op gean. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Help en Rêdingsmiddels
Ien fan de bylagen dy't by de oanfraach üpload wurde moat, is in oersjoch fan de oanwêzige help - en rêdingsmiddels. Yn de úteinlike fergunning stiet dizze list opnommen fan help - en rêdingsmiddels dy't yn in waadrintocht meinommen wurde moatte. Jo kinne dizze list as Word-bestân uploade by jo oanfraach.
De fergunninghâlder moat meinimme:
De fergunninghâlder soarget derfoar dat op syn minst 2 gidsen útrist binne mei de middels dy't hjirûnder neamd binne. By in tocht mei maksimaal 12 dielnimmers kin folstien wurde mei 1 set middels.
- in list mei telefoannûmers fan persoanen en ynstânsjes dy't by ûngemakken warskôge wurde moatte
- in dúdlike kaart dêr’t op oanjûn wurdt de grinzen fan it gebiet en de eventueel oanwêzige prielen/geulen en slykfjilden
- in goed wurkjend floeistof of digitaal kompas
- in fluit dy't dúdlik te hearren is
- ien rêdingstekken de 12 persoanen
- in rêdingsline (fan minimaal 25 m)
- materiaal om in draachber te kreëarjen
- in goed wurkjend horloazje
- foar elke groep op syn minst 2 handstakelljochten en/of falskermljochten mei SOLAS keurmerk
- in list mei telefoannûmers fan persoanen en ynstânsjes dy't by ûngemakken warskôge wurde moatte
- in oersjoch mei dêrop:
- datum en tiidstip tocht
- namme fergunninghâlder
- nammen en kontaktgegevens dielnimmers (nûmere oersjoch)
- nammen en kontaktgegevens begelieders & gidsen (nûmere oersjoch)
- in troch it Ryksynspeksje Digitale Ynfrastruktuer (RDI) goedkarde maritime portofoan
- in goed wurkjende telefoan
- in bywurke rûtekaart dêr't de posysje fan de groep permanint op ôflêzen wurde kin
- in útwurke tiidskema foar dy dei en dy tocht
- EHBO-ferbândoaze:
- foarknipte pleisters
- betadine-joadium of oar wen-ûntsmettend middel
- snelferbân 12 x 12 en 18 x 18 sm of snelferbân op rol
- selkleavjende swachtels
- ferbânskjirre
- ankeltape
- paracetamol
As guon gegevens analooch/digitaal beskikber binne, is dat ek genôch.
Fragen
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl.