Ynterbestjoerlik tafersjoch

Ynterbestjoerlik tafersjoch betsjut dat de provinsje kontrolearret oft gemeenten, Wetterskip Fryslân en mienskiplike regelingen harren wetlike taken goed útfiere. 

De provinsje Fryslân hâldt tafersjoch op de útfiering fan wetlike taken op it mêd fan: 

  • argyfbehear en ynformaasjebehear;
  • húsfesting fan ferbliuwsrjochthawwers;
  • Frysk;
  • erfguod (monuminten en archeology) omjouwingsrjocht;
  • romtlike oardering. 

Dêrneist hâldt de provinsje tafersjoch op de finansjele posysje fan gemeenten en Wetterskip Fryslân. Mear ynformaasje oer dizze foarm fan tafersjoch fine jo hjir: Tafersjoch op gemeentefinânsjes | Fryslan

De provinsje grypt allinnich yn as in oerheid syn wetlike taken net of net goed útfiert, of as in oerheid in beslút nimt dat yn striid is mei de wet of it algemien belang.

Hoe kin de provinsje yngripe? 

De provinsje hat dêrfoar twa mooglikheden: 

  • Yndepleatsstelling by taakfertutearzing

Fiert in gemeente, it Wetterskip of in mienskiplike regeling in wetlike taak net út? Dan kin de provinsje yn it uterste gefal yngripe. Dat bart net samar. Earst krijt de belutsen oerheid de gelegenheid om it probleem sels op te lossen. 

  • Skot en ferneatiging 

Nimt in gemeente, it Wetterskip of in mienskiplike regeling in beslút dat yn striid is mei de wet of it algemien belang? Dan kin de provinsje de Kroan freegje om dat beslút te skorsen of te ferneatigjen. Dat betsjut dat beoardiele wurdt oft in beslút tydlik stopset wurde moat of ûngedien makke wurde moat.

Hawwe jo in melding of klacht? 

Hawwe jo in melding of klacht oer hoe't in gemeente, it Wetterskip of in mienskiplike regeling in wetlike taak útfiert? Dan kinne jo dat melde by de provinsje. 

De provinsje besjocht dan earst oft jo melding ûnder it ynterbestjoerlik tafersjoch falt. Net elke klacht of elk probleem falt dêrûnder. Somtiden bestiet der al in oare proseduere. Yn oare gefallen moatte jo earst by in oare organisaasje wêze.

Wannear kinne jo by ús terjochte?

Jo kinne in melding of klacht by de provinsje yntsjinje as: 

  • it giet om in Fryske gemeente, Wetterskip Fryslân of in Fryske mienskiplike regeling (wêrfan't de provinsje sels gjin dielnimmer is);
  • it giet om de útfiering fan in wetlike taak dêr’t de provinsje tafersjoch op hâldt;
  • Der is mooglik in beslút naam dat yn striid is mei de wet of it algemien belang.

Wannear behannelje wy jo melding of klacht net? 

Yn in tal situaasjes behannelet de provinsje jo melding of klacht net. Dat dogge wy net omdat dêrfoar in oare proseduere bestiet, of omdat in oare organisaasje earst oan set is.

Jo binne it net iens mei belied of politike karren

Binne jo it net iens mei belied of politike karren fan in gemeente, it Wetterskip of in mienskiplike regeling? Dan is dat gjin kwestje foar ynterbestjoerlik tafersjoch. 

De provinsje beoardielet nammentlik net oft belied winsklik of ferstannich is. De provinsje sjocht allinnich oft wetlike taken goed útfierd wurde en oft besluten yn striid binne mei de wet of it algemien belang. 

Jo kinne jo yn dat gefal rjochtsje ta de oanbelangjende gemeente, it Wetterskip of de mienskiplike regeling sels, of ta de gemeenteried, it algemien bestjoer of in oare folksfertsjintwurdiging.

Jo hawwe oerlêst of hinder

Soene jo oerlêst hawwe, bygelyks troch lûd, rook, stof, loazing of in bedriuw? Dan moat meastal earst de oerheid optrede dy't ferantwurdlik is foar tafersjoch en hanthavening. Dat is faak de gemeente, soms in omjouwingstsjinst en yn bepaalde gefallen it Wetterskip. Jo kinne yn in soad fan dy gefallen in hanthaveningsfersyk yntsjinje. 

De provinsje behannelet sa'n melding yn prinsipe net as IBT-melding, omdat earst de gewoane hanthaveningsrûte folge wurde moat.

Jo kinne beswier of berop ynstelle tsjin in beslút

Giet it om in beslút dêr't jo beswier of berop tsjin ynstelle kinne, bygelyks in fergunning of in hanthaveningsbeslút? Dan moatte jo dy proseduere brûke. 

De provinsje behannelet sa’n saak yn begjinsel net fia ynterbestjoerlik tafersjoch, omdat de wet dêrfoar al in eigen rjochtsbeskermingsproseduere jout. Yn it beslút sels stiet meastal oft jo beswier meitsje kinne of yn berop gean kinne, by hokker organisaasje oft jo dat dwaan moatte en binnen hokker termyn. 

Hat de saak spoed, dan kinne jo dêrneist de rjochtbank freegje om in foarriedige foarsjenning.

Jo klacht giet oer gedrach of bejegening

Giet jo klacht oer de wize wêrop't jo behannele binne troch in meiwurker of bestjoerder? Dan giet it om in klacht oer gedrach of bejegening. 

Sa'n klacht heart net thús by it ynterbestjoerlik tafersjoch. Jo moatte dan earst in klacht yntsjinje by de gemeente, it Wetterskip of de mienskiplike regeling sels. 

Binne jo dêrnei net tefreden oer it ôfhanneljen fan jo klacht, dan kinne jo jo rjochtsje ta de Nasjonale ombudsman.

Jo wolle oanjefte dwaan fan in strafber feit

Wolle jo melding dwaan fan in strafber feit, lykas fraude, bedriging of stikferfalsking? Dan kinne jo dêrfoar net by de provinsje terjochte yn it ramt fan ynterbestjoerlik tafersjoch. 

De provinsje nimt gjin oanjeften op. Dêrfoar moatte jo by de plysje wêze.

Der is gjin beslút, mar jo freegje wol om ferneatiging

Soms freget immen om in beslút ferneatigje te litten, wylst der juridysk sjoen gjin beslút nommen is. Yn dat gefal kin de provinsje dêr neat mei. Foar skorsing of ferneatiging moat der nammentlik sprake wêze fan in offisjeel beslút. Sûnder beslút is dizze proseduere net mooglik.

Wannear kinne jo wat wol by ús melde? 

Soms kinne jo de provinsje wol ynformearje, ek as der dêrneist in oare proseduere rint. Dat kin bygelyks as in oerheid struktureel syn wetlike taken net útfiert. 

Ek as in gemeente, it Wetterskip of in mienskiplike regeling in (ûnûntkombere) útspraak fan de rjochter net opfolget, kinne jo dat by ús melde.

Wat bart der nei jo melding? 

Nei ûntfangst besjogge wy earst oft jo melding ûnder it ynterbestjoerlik tafersjoch falt. 

Is dat net sa, dan litte wy jo witte wêrom net. Wy jouwe ek oan hokker proseduere of organisaasje yn jo situaasje mear foar de hân leit. Falt jo melding wol ûnder ús tafersjoch, dan ûndersykje wy de saak. Soms hawwe wy dêrfoar mear ynformaasje nedich. Dan nimme wy kontakt mei jo op of mei de belutsen oerheid. 

Blijkt út it ûndersyk dat jo melding terjochte is, dan besjogge wy oft maatregels nedich binne en sa ja, hokker. Nei ôfrin fan it ûndersyk krije jo fan ús in brief mei ús befinings. Dy brief is gjin beslút dêr't jo beswier of berop tsjin ynstelle kinne.

Privacy

Foar it ûndersykjen fan jo melding nimme wy meastal kontakt op mei de oanbelangjende oerheid. Dêrfoar kin it nedich wêze dat wy gegevens fan jo diele, lykas jo namme en adres. Yn it formulier freegje wy dêrfoar jo tastimming. 

Wy geane soarchfâldich om mei jo persoansgegevens en diele net mear gegevens as nedich is. Dat stiet yn ús privacyferklearring dy't jo hjir fine kinne: Persoansgegevens & Privacy | Fryslan

Melding ynterbestjoerlik tafersjoch 

Hawwe jo in klacht of melding oer hoe't in gemeente of it Wetterskip har taken útfiert? Dan kinne jo dit melde by de provinsje fia meldingibt@fryslan.frl