Ynspirearjende ôfsluting fan trije jier biobased gearwurkje

Biobased. Oftewol: produkten of materialen dy't makke binne fan nije nijbere grûnstoffen; bygelyks planten of skimmels. It duorsume alternatyf foar fossile grûnstoffen as ierdoalje, beton en stiel blykt tige geskikt as boumateriaal. En dus is it tige wichtich dat der út oerheden wei kontinu sjoen wurdt: wat is it biobased alternatyf?

Provinsje Fryslân pakte as Lead Partner fan it projekt Building Based on BioBased (BBoBB) de want op. Tegearre mei partners út Frankryk, België, Denemarken en Dútslân waard der de ôfrûne trije jier wurke oan it fersterkjen en útwreidzjen fan ferskate biobased ketens foar de bou. It Fryske team bestiet njonken de provinsje ek út Vereniging Circulair Friesland, House of Design en Biosintrum.

Fan tuorrebout oant lignine

Elke regio bringt eigen ekspertize mei yn ferskillende gewaaksen, lykas fezelhimp, tuorrebouten, miscanthus, flaaks en lignine. Yn it projekt wurdt ûndersyk dien, mar ek in soad praktykrjochte útfierd, ûntwikkele en kennis dield. Fan wernijbere grûnstoffen kinst nammentlik hiel moai boumateriaal as isolaasjemateriaal, plaatmateriaal en gevelbeklaaiïng meitsje.

It úteinlike doel is, dat de regionale partijen yn de keten - fan boer oant arsjitekt oant bouwer - dizze materialen úteinlik sels ynsette en sette kinne. Op de project website fine je alle ynformaasje. 

Slotkonferinsje

Nei trije jier gearwurking is it no tiid foar de slotkonferinsje op tongersdei 1 oktober plak yn Ljouwert. Ferwachte ynspirearjende sprekkers, skerpe panelpetearen en taastbere resultaten. Sa is ûnder oare wurke oan it ûntwikkeljen fan in toolkit, dy't ûntwerpers helpt om net allinnich in besteand produkt fan biobased materiaal te meitsjen, mar om it ûntwerp krekt ûntstean te litten út de eigenskippen en mooglikheden fan natuerlike materialen wei. 

Dêrneist is yn elke regio in tal designers en arsjitekten oan de slach gien mei regionale produkten. Ek de resultaten hjirfan binne op 1 oktober te sjen en te belibjen. De middeis geane wy op ekskurzje lâns ynspirearjende Fryske foarbylden, lykas in flaaksboer en in biobased foarbyldhûs. 

Besite in kontenerhûs

Ut Dútslân wei komt in paviljoen (kontenerhûs) dat foar De Kanselarij op de Twibaksmerk set wurdt. It kontenerhûs is foar elkenien tagonklik. Yn dit paviljoen binne ferskate tapassings fan biobased bouwen en - konstruksjes te sjen. Dêrneist is yn Denemarken wurke oan in hûs makke fan himp en yn Frankryk oan it tapassen fan lignine yn asfalt.

Nijsgjirrich wurden? Kom del op 1 oktober en kom yn 'e kunde mei de mooglikheden fan biobased bouwe. Besjoch it folsleine programma op en skriuwst yn fia: BBoBB.

Een zaal vol publiek luisteren aandachtig naar een vrouw in een rood jasje die op het podium staat.