Ynnovative brêge Ritsumasyl prestearet boppe ferwachting
De biokomposyt fytsbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl hâldt him better as ferwachte. Dat docht bliken út mjittings fan sa’n 200 sensoaren dy’t yn it brêgedek sitte. Sûnt desimber 2019 is live te folgjen wat bygelyks sinne en focht mei it flaaks en hars dogge.
Omdat it de earste beweechbere brêge fan duorsum flaaksfezel komposyt is, mjit de provinsje Fryslân oanienwei hoe’t de brêge him ûnder ferskate waarsomstannichheden en nivo’s fan belêsting hâldt. Deputearre Avine Fokkens-Kelder: “Nei in jier kinne wy sizze dat it materiaal boppe ferwachting prestearet. De sensoaren litte sjen dat der amper sprake is fan it ferfoarmjen en wurger wurden fan it materiaal. De wjerstân tsjin trochbûge is heger as ferwachte. De brêge is ûntwurpen foar in libbensdoer fan 50 jier, mar wy kinne no al sizze dat de brêge nei ferwachting nóch langer mei kin.”
Wrâldwide belangstelling
Omdat het de eerste keer is dat op deze schaal vlasvezelcomposiet is toegepast, is er wereldwijd belangstelling. De provincie Fryslân hoopt door het delen van deze informatie met andere overheden, onderwijsinstellingen en aannemers het gebruik van circulaire grondstoffen in de civiele techniek te stimuleren.
Ynspeksje
It mjitsysteem liet ek sjen dat de fytsbrêge ûnfermindere feilich bleau, nei’t twa trekkers mei baalparsen der fan ’e simmer by fersin oerhinne rieden. De sensoaren joegen oan dat der sprake wie fan lichte skea. Ynspeksje fan de binnenkant wie nedich om fêst te stellen oft de brêge sichtbere skea oprûn hat. It beweechbere part fan de brêge is fan ’t simmer daliks ynspektearre. Fan ‘e wike hat de brêge foar ferkear ôfsletten west om ek it fêste brêgedek fan binnen besjen te kinnen. Ut de ynspeksje die bliken dat der lytse hierskuorkes yn it beweechbere en it fêste part fan de brêge sitte. Fierdere reparaasje is net nedich.
Ferfolg
De provinsje sjocht nei de mooglikheden om ek oare brêgen mei sensoaren út te rissen. Sa kin better fêststeld wurde wannear’t in brêge oan ûnderhâld of ferfanging ta is. “De ûnderfining dy’t wy hjir opdogge, jout in ekstra ympuls oan it wurkjen mei flaaksfezel komposyt en oan de ûntwikkeling fan mjitsystemen by brêgen. It leveret kennis op dy’t wy grif ek diele sille mei ûnderwiisynstellings en oare oerheden”, neffens frou Fokkens-Kelder.