By Ynbusiness kinne jo terjochte mei al jo ûndernimmersfragen. De wichtichste taak fan Ynbusiness is it stypje fan ûndernimmers by de ûntjouwing en groei fan harren bedriuw. In tal wichtige schakels binne innovaasjekrêft, groeiambysje, ûndernimmerskip, bedriuwsfiering en jild. Dat binne tema’s wêroer ûndernimmers graach mei harren sparren. Ek yn dizze bysûndere tiid biedt Ynbusiness har kennis en in harkjend ear. Sy hawwe in breed netwurk yn Fryslân en fier dêr bûten.

In goed petear kost tiid, gjin jild. Nim gerêst kontakt op om jo situaasje persoanlik te bepraten.

Sjoch op www.ynbusiness.nl(eksterne keppeling), mail info@ynbusiness.nl of skylje 058 - 760 05 00.