It wynpark (WPF) bestiet út 89 wynturbines(externe link) fan 4,3 megawatt (MW). Alle jierren produsearret WPF likernôch 1,5 terawattoere* (1.500.000 megawattoere). Dat is likernôch 1,2% fan wat oft Nêderlân brûkt oan elektrisiteit en dat komt oerien mei it ferbrûk fan sawat 500.000 húshâldens. Utsein de 89 wynturbines is by Koarnwertersân in nij natuereilân oanlein en is by Breesândyk in bysûnder transformatorstasjon boud, dat fan ’e simmer fan 2021 ôf iepen is foar it publyk.

Windpark Fryslân wurdt boud yn it Fryske part fan ’e Iselmar, by Breesândyk. De wynturbines steane yn in kluster, yn ’e foarm fan in seishoeke. Dy foarm soarget derfoar, dat de wynturbines it útsjoch op ’e hoarizon amper benimme.

Het IJsselmeer met windmolens in het water

Ekonomysk rendemint foar de regio

Dat it wynpark ‘fan en foar Fryslân’ is, lit de provinsje dúdlik útkomme, troch alle jierren in pear ton út it rendemint te ynvestearjen yn duorsume inisjativen yn hiel Fryslân. Sa ûntstiet út grien rendemint wer nij grien rendemint en wurdt in foech keatling fan duorsume ynvestearrings kreëarre yn ’e regio.

Dêrnjonken ynvestearret de provinsje in tredde part fan syn partisipaasje yn it wynpark yn projekten yn it Fryske Iselmargebiet. Neist it werynvestearjen fan rendemint sille obligaasjes útjûn wurde sadree’t it park operasjoneel is. Op dy wize docht de provinsje wat werom foar de ynwenners fan Fryslân én wat ekstra’s foar de omwenjenden fan it wynpark.

Windpark Fryslân Omgevingsfonds

It Omgevingsfonds van Windpark Fryslân, dat ûnderwilens oprjochte is, krijt 20 jier lang alle jierren 720.000 euro foar projekten bylâns de Iselmarkust yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân. It fûns hat as doel om stipe te jaan by it ferduorsumjen, fernijen en promoatsjen fan natuer, libbensomjouwing, toerisme, rekreaasje, kultuer en erfgoed.

Bou

Windpark Fryslân wurdt boud troch it oannimmerskonsortsium Zuiderwind. Dat konsortsium bestiet út ’e oannimmers Siemens Gamesa Renewable Energy en Van Oord Offshore Wind. As it heal kin, arbeidet it konsortsium safolle mooglik op mei Fryske partijen. Nei it opleverjen is Siemens Gamesa Renewable Energy ferantwurdlik foar it ûnderhâld en it behear fan it wynpark foar in tiidrek fan 16 jier.

Ferljochting Windpark Fryslân

De wynturbines fan wynpark Fryslân hawwe in tiphichte fan mear as 150 meter en moatte wetlik foarsjoen wêze fan loftfeartferljochting. Dat hâldt yn, dat de bûtenste 30 wynturbines fan ferljochting foarsjoen wurde. Om ’e oerlêst fan ’e ferljochting te beheinen, wol WPF in radarsysteem delsette yn ’e omkriten fan it wynpark. Dat systeem kin de ferljochting fan ’e wynturbines útskeakelje. De lêste moannen hat dêr oerlis oer west mei ûnder oare de Provinsje Fryslân, de Gemeente Súdwest-Fryslân, de Inspectie Leefomgeving & Transport (IL&T) en Rykswettersteat.

Ferkeap fan griene stream Windpark Fryslân

Enerzjyleveransier Eneco(externe link) nimt 15 jier lang griene stream ôf fan it wynpark. Windpark Fryslân hat de mooglikheid iepenhâlden, om in part fan ’e duorsume stream streekrjocht te leverjen oan bedriuwen dy’t warber binne yn ’e provinsje Fryslân. Op ’t stuit ûndersiket WPF oft streekrjocht út it wynpark stream levere wurde kin.

Logo: Windpark Fryslân met een windmolentje en pompeblêdje als wolkje