Wurksumheden N358 Skieding-Uterwei klear

Mei it plantsjen fan de earste beam lâns de N358 Skieding-Uterwei binne op freed 6 novimber de wurksumheden oan de dyk feestlik ôfsletten. Deputearre Matthijs de Vries plante de earste beam by Wildveld. Dêrmei is ek it startsein jûn foar it weromplantsjen fan beammen lâns de fernijde dyk.

De N358 is in wichtige ferbining tusken noardeast-Fryslân en noardwest-Grinslân. Op de dyk barden geregeld ûngelokken. Dêrom hat de provinsje Fryslân de ôfrûne jierren wurke oan in feiligere ynrjochting fan de dyk. Fjouwer krúspunten binne oanpast, it tal direkte oanslutingen is fermindere en der binne parallelwegen oanlein en fytspaden fernijd. Ek is yn desimber 2025 de fytstunnel by Surhuzum iepene.

Deputearre Matthijs de Vries sjocht tefreden werom op de wurksumheden: Oardel jier lyn stiene wy hjir noch midden yn de wurksumheden. En sjoch ris hoe't de dyk der no by leit! Mei de oanpassingen hawwe wy de N358 feiliger ynrjochte foar elkenien dy't hjir alle dagen rydt of fytst. Dat is in moaie mylpeal. Ik wol ek de omwenners betankje foar harren geduld. En mei it plantsjen fan dizze earste beam soargje wy derfoar dat it grien weromkomt lâns de dyk.

It grien komt werom

Om de dyk feiliger ynrjochtsje te kinnen, moasten ek beammen kapt wurde. Provinsje Fryslân plantet likefolle beammen werom. De earste beam stiet yntusken yn de grûn. De oare beammen wurde yn 2026 en 2027 plante. Sa krijt ek it lânskip lâns de fernijde dyk wer in griene útstrieling.

Tank oan de omjouwing

De wurksumheden oan de N358 fûnen op ferskate plakken ticht by wenningen plak. Dat soarge foar oerlêst foar omwenners en weibrûkers. Provinsje Fryslân betanket harren foar harren geduld, begryp en belutsenens by de wurksumheden. Ek betanket de provinsje alle belutsen partijen foar harren ynset en gearwurking.