Wenjen yn Fryslân

De mienskip feroaret konstant, ek yn Fryslân. It tal húshâldens nimt ta en de measten binne lytser as eartiids. Under oare dêrtroch binne der te min geskikte wenningen.

Lanlike regy, provinsjale koördinaasje, gemeentlike plannen 

Om elkenien in geskikte wenning te bieden, hat Nederlân oant 2030 sa'n 100.000 ekstra wenten yn it jier nedich. Om dit foarinoar te krijen, binne der wendeals makke. Yn april 2023 binne yn Fryslân seis regionale wendeals sletten. Yn in wendeal steane ôfspraken dy't jilde oant en mei 2030 oer gearwurking tusken gemeenten, provinsje en Ryk. Wy wurkje dêrby ek mei wenningkorporaasjes, hierdersorganisaasjes, merkpartijen en maatskiplike partners. Yn de wendeal stiet ûnder oaren wa dêr't ferantwurdlik foar is – gemeenten, provinsje en Ryk, mei byhearrende foegen en middels. Der steane ôfspraken yn oer wenningboulokaasjes, it ferhastigjen fan plannen, de betelberens, en de stipe foar inisjativen. Ek wurde technyske en beliedsmjittige rânebetingsten beneamd, lykas netkapasiteit, stikstof en finansiering. 

Yn 2025 binne de wendeals foar de perioade oant en mei 2030 werliket. It tal nij te bouwen wenten yn Fryslân is bysteld fan 17.500 nei 22.406. De seis wendeals en de herijkingen steane ûnderoan de side.

Ondertekenbord van de herijking van de regionale woondeals Fryslân.

Om de wenningen te bouwen, moat wol oan in tal betingsten foldien wurde. Sa moatte alle gemeenten foldwaande amtlike kapasiteit krije om de plannen út te fieren. Ek wurdt sjoen nei de ûnrendabele top dêr't mear as trijekwart fan de te bouwen wenningen yn Fryslân mei te krijen hat. Dêrneist is in grut part fan de Fryske wenten as kwetsber oan te merken. Dat betsjut dat wenningen bygelyks net oan duorsumenseasken foldogge. De needsaak om in part fan de wenningfoarried te werstrukturearjen is grut. Oer dizze en oare betingsten hat de provinsje de "rapportaazje rânebetingsten" opsteld. De Fryske gemeenten, provinsje Fryslân en it ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering bliuwe hjiroer mei-inoar yn petear en meitsje konkrete ôfspraken om oplossingen te finen foar de knyppunten. De “rapportaazje rânebetingsten” stiet ûnderoan de side.

Wat docht de provinsje Fryslân? 

Om de gearwurkjende partijen goed byinoar oanslute te litten, koördinearret de provinsje Fryslân periodike oerlizzen en gearkomsten. Dat dogge wy fia it platfoarm de “Fryske Wentafel” dêr ’t eksperts harren kennis diele en krêften bondelje. Elk fearnsjier organisearret de Fryske Wentafel in temagearkomste. It útwikseljen fan kennis, ideeën en oplossingen helpt by it ferhastigjen fan de wenopjefte. Dêrneist wurket de provinsje Fryslân op it stuit oan it Frysk Wenplan (provinsjaal folkshúsfêstingsprogramma). It plan is ein 2026 klear. 
Foar de hjoeddeistige wen- en leefomjouwing binne ferskate subsydzjeregelingen, lykas foar werbestemmen, fundearringen en ferkearsfeiligens. Ynformaasje oer de subsydzjes stiet hier.

Fryslân bout oan betelbere en takomstbestindige wenningen foar eltse ynwenner.

Foar inisjatyfnimmers:

Hawwe jo in wenningbouwinisjatyf? Dan kinne jo it bêste kontakt opnimme mei jo gemeente. Hja bepale oft jo inisjatyf past binnen de gemeentlike wenjen (soarch)fyzje of it folkshúsfestingsprogramma. As de gemeente ree is om meiwurking te ferlienen, lizze sy jo plan foar oan de provinsje. 

Yn ûndersteande dokuminten stiet mear ynformaasje oer it belied fan de provinsje Fryslân en de ôfspraken mei de gemeenten en it Ryk.

Ferhastiging fan de wenningbou yn Fryslân

Yn ûndersteande dokuminten kinne jo mear ynformaasje fine oer it belied fan de provinsje Fryslân en de ôfspraken dy 't mei de gemeenten en it Ryk makke binne.

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.