Wiziging Omjouwingsoardering
Op besjen: ûntwerp tredde wizigingsferoardering
(Omjouwingsferoardening Fryslân 2022)
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat op 7 oktober 2025 it ûntwerp fan de tredde wizigingsferoardering Omgevingsverordening Fryslân 2022 (hjirnei: Derde Wijzigingsverordening) fêststeld. Ynwenners, organisaasjes en oare oerheden koene oant en mei 24 novimber reagearje op de foarstelde oanpassingen troch it yntsjinjen fan in sjenswize. De sjenswizen wurde op dit stuit troch ús beoardiele.
De tekst fan de wizigingsferoardering kinne jo hjir rieplachtsje. Ek is in konsolidearre ferzje fan de Omjouwingsferoardening en de taljochting opsteld. Hjiryn kinne jo sjen hokker wizigingen der komme yn de Omjouwingsferoardening 2022 en de taljochting fan 2022.
Ynhâld
De Omjouwingsferoardening Fryslân 2022 (hjirnei: Omjouwingsferoardening) is op 1 jannewaris 2024 yn wurking gien. Hjiryn stean alle regels foar de fysike leefomjouwing. Wy stelle foar om de Omjouwingsferoardening op in tal ûnderdielen oan te passen. De oanpassings gean benammen oer omjouwingskwaliteit, guozzebelied, lytsskalige rekreaasje en stiltegebieten. Dêrneist binne in tal korreksjes en ferdúdlikingen yn de wizigingsoardering opnommen.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.