Wiis mei ús wurk – John van Natuurmonumenten
Goed 14% fan Fryslân is bestimpele as offisjeel natuergebiet. Fochtelerfean is ien fan dy gebieten. Feriening Natuurmonumenten, dat natuer en kultuer beheart, is dwaande mei it takomstbestindich meitsjen fan it gebiet, dat 4000 hektare grut is, wêrfan 1.500 bunder heechfean en heide. Dat dogge se mei subsydzjejilden fan ûnder oare provinsje Fryslân én provinsje Drinte. Mar hoe giet en foldocht dat?
"Foar in soad Friezen is dit miskien in ûnbekende hoeke fan de provinsje", fertelt John Tukker, projektmanager by Natuurmonumenten. "De grins fan de twa provinsjes rint dwers troch it natuergebiet. Dat makket ek dat de subsydzjejilden wêrmei't wy it gebiet oanpakke fan beide provinsjes ôfkomstich is.”
Koarte linen
Der bart in soad yn it Fochtelerfean. It gebiet is 'reinwetter fuorre', wat betsjut dat it wetter yn it gebiet bliuwe moat. Dat freget ûnder oare om kadeherstel. “Om it gebiet takomstbestindich te meitsjen wurdt dat kadeherstel no op grutte skaal útfierd. Dêrneist wurde der ûndersiken dien nei opslach fan broeikasgassen en werstel fan feanmosplanten. Mei oanfoljend behear helje wy opslach fuort, om it gebiet iepen te hâlden. En ek it oankeapjen fan grûn helpet by it berikken fan de Natura 2000-doelen foar it gebiet", leit John út.
“Wy wurkje nau gear mei de ôfdieling subsydzjesaken fan provinsje Fryslân. Mei in tal minsken hawwe wy geregeld kontakt. Om de seis wiken sitte we (fysyk) om tafel en rinne we alles troch. Dêrneist binne der geregeld gebietsbesites. De linen binne hiel koart. Dat moat ek, want we fine it wichtich dat elkenien wit wêr't it om giet yn it gebiet en mei eigen eagen sjocht wat der nedich is.”
Fertrouwen
John fernimt in soad fertrouwen fanút de provinsje. "Ik ha it gefoel dat wat wy sizze dat nedich is, droegen wurdt troch de provinsje. Der is betrouwen yn ús ekspertize as it giet om natuerwerstelwurk. En wy hawwe betrouwen yn it wurk fan de provinsje. Faak is der by in subsydzje-oanfraach of lettere ferantwurding oanfoljende ynformaasje nedich, dan krije wy advys. Sa wurkje wy goed gear.”
Neffens John is it maklikste stikje it oanfreegjen fan jild en de tasizzing krije fanút it Ryk." De echte útdaging en it wurk sit him yn it jild wat it gebiet krije. Dêrom lûke wy mei-inoar op - oan beide kanten sit in hiel team.”
Wurkje bûten it briedseizoen
Omdat der yn it briedseizoen net wurke wurdt yn it gebiet, wurde de wurksumheden tusken septimber en maart oer ferskate jierren útfierd. "We binne oant 2030 dwaande", fertelt John.
Kuiertip: natuergebiet Fochtelerfean Alle jierren docht Natuurmonumenten in nije subsydzje-oanfraach. Ek foar 2026 is der wer jild foar natuerherstel en takomstbestindich meitsjen fan Fochtelerfean reservearre. Mei eigen eagen sjogge wat der mei it jild bart en hokker rol en bydrage de provinsje dêryn hat? John wol elkenien útnûgje it gebiet ris te besykjen. “Kom gerêst ris del - dan sjochst de skaal en omfang fan dit projekt pas écht!” In moai plak foar in sneinske kuier!
Foar mear ynformaasje oer it gebiet en it kadeherstel gean nei www.natuurmonumenten.nl/fochteloerveen