Wiis mei ús wurk – Jaap Jelle Feenstra voorzitter van IFKS-skûtsjesilen

Fan it wetter of op de dyk ôf koest altyd al genietsje fan it skûtsjesilen, ferline jier diest dat foar it earst ek gewoan thús fan de bank of fan dyn bûtenlânske (fakânsje)adres ôf. Dat waard mooglik makke troch IFKS-TV. "Bûtengewoan goed slagge", neamt foarsitter Jaap Jelle Feenstra de yntroduksje fan it eigen telefyzjekanaal.

It is ien fan de grutste eveneminten yn de Fryske wettersport: it Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS). Alle jierren yn augustus farre de skûtsjes yn acht dagen sân wedstriden. Omdat dat yn fjouwer ferskillende klassen bart, betsjut dat dus 28 wedstriden totaal. Ferline jier diene der 67 skûtsjes mei: in rekôrtal. 

Friezen om utens

“Der hawwe 163.000 unike persoanen sjoen. Friezen om utens, fanút ûnder oare Kanada en Yndonezië. De mearderheid seach trouwens gewoan út Fryslân en Nederlân wei, wêrûnder taskôgers fan de dyk ôf. Sa koene se op de telefoan better sjen wat der oan de oare kant fan it wetter barde.” 

IFKS-TV is te ûntfangen fia YouTube en de IFKS-webside en stjoert yn de wedstriidwike alle dagen alle fjouwer wedstriden út mei saakkundich kommentaar – yn it Frysk. It optúgjen fan in eigen televyzjekanaal past by de winsk fan'e feriening om bekender te wurden. “We binne wrâldferneamd yn eigen provinsje, mar wolle ek dêrbûten bekender wurde. Dit telefyzjekanaal is in enoarme stap."

Ynvestearje 

Dy enoarme stap frege om in enoarme ynset fan de IFKS-frijwilligers en in foarse ynvestearring út de kas wei. Foar it earst yn de 44-jierrige skiednis stapte de feriening dêrom nei de provinsje foar subsydzje. "We dogge it leaver sels, dat sit yn ús DNA. Wy hawwe goed njoggenhûndert leden en in belutsen klup fan sponsoaren. Mar dit wie sa'n enoarme ynvestearring, dat wy seine: wy geane by de provinsje del. Ook omdat er in het provinciaal bestuursakkoord mooie aanknopingspunten staan", leit Jaap Jelle út. 

Hy ferfolget: “De provinsje wol bouwe oan kultuer, sichtberens fan de Fryske taal en it stimulearjen fan Fryske sporten. We ha dêrom ús telefyzjeplan foarlein oan de deputearren Abel Kooistra fan sport en Eke Folkerts fan finânsjes. De IFKS is kultuerhistoarysk en befoarderet Fryslân. Dat erkenden sy. Dêrnei hawwe wy yn oktober en maart kontakt hân mei de ôfdieling subsydzjesaken. Sy stjoerden ús de formulieren ta dy't wy ynfolje moasten om de oanfraach offisjeel te meitsjen. Dat wie goed te dwaan."

Better en moaier 

Fierwei it grutste part fan de kosten foar IFKS-TV draacht de feriening sels: “Mar de subsydzje hat it mooglik makke om it noch better en moaier te dwaan. Dêr binne wy de provinsje hiel tankber foar.” Mei in oantal kamera’s op skippen en in drone yn de loft waard it skûtsjesilen krekt sa fêstlein as it is: “Bloedstoljend spannend.”

Ek foar dit jier is der al kontakt mei de ôfdieling subsydzjesaken lein, befêstiget de foarsitter: “Wy witte no hoe't it moat en wy hawwe allegearre it resultaat sjoen: de IFKS draait allinnich mar op frijwilligers, mar biedt profesjonele kwaliteit.”