Webinar: grûnwetter yn byld mei helikoptermjittings

Wêr sit swiet of sâlt grûnwetter yn Noard-Nederlân? En hoe djip lizze de beskermjende klaailagen? Om dat te ûndersykjen fljocht der fan augustus ôf in helikopter mei in spesjale mjitring oer parten fan Grinslân, Drinte en Fryslân. Dat bart yn it ramt fan it lanlike projekt FRESHEM-NL.

Webinar

Op moandei 30 juny 2025 organisearje wy yn ‘e mande mei regio Noard in webinar oer dat projekt. In ekspert fan TNO / Deltares fertelt hoe’t de mjittings wurkje, wêrom’t se wichtich binne en wat wy mei de resultaten kinne. Ek is der romte om fragen te stellen.

Datum : 30 juny 2025

Tiid      : 20.00 - 21.00 oere

Webinar

FRESHEM-NL

FRESHEM-NL is in lanlik gearwurkingsprojekt fan sân provinsjes, sân wetterskippen, fiif drinkwetterbedriuwen en twa kennisynstituten. Yn Noard-Nederlân wurkje de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte gear mei de wetterskippen Hunze en Aa’s, Noorderzijlvest en Wetterskip Fryslân, en de drinkwetterbedriuwen Waterbedrijf Groningen en Vitens. De útkomsten wurde úteinlik foar elkenien tagonklik.

Mear ynformaasje oer it projekt is te finen op:

Mear ynformaasje