Wat spilet der op it boerehiem? Abel Kooistra giet yn petear mei Fryske boeren

Hoe giet it mei de boeren yn Fryslân? Wêr rinne sy tsjinoan en hokker kânsen sjogge sy foar de takomst? Deputearre Abel Kooistra giet hjiroer yn petear mei agrarysk ûndernimmers yn `Efkes Buorkje mei Abel'. 

Op tongersdei 22 en freed 23 oktober organisearret de provinsje Fryslân fjouwer gearkomsten ferspraat oer de provinsje. Alle agrarysk ûndernimmers binne fan herte wolkom. Hast twa jier lyn stelde de provinsje Fryslân de Beliedsbrief Lânbou en de Utfieringsaginda Lânbou fêst. Hjiryn stiet hoe't de provinsje wurket oan in sterke en takomstbestindige lânbou. Yntusken binne de earste stappen set. In goed momint om by te praten oer de ûntwikkelingen én te hearren wat der spilet. 

Romte foar fragen, ideeën en ûnderfinings 

Op de gearkomsten fertelt deputearre Abel Kooistra dêr't de provinsje oan wurket en hokker stappen yntusken set binne. Mar benammen wol er harkje nei de ûnderfinings en ideeën fan agrarysk ûndernimmers. Wat giet goed? Wêr rinne boeren yn de praktyk tsjinoan? Wat kin de provinsje better dwaan? En wat is der nedich foar in goede takomst fan de lânbou yn Fryslân? Lânbousjoernalist Sjoerd Hofstee liedt de petearen. Der is folop romte om fragen te stellen, ûnderfiningen te dielen en ideeën oan te dragen. 

Fjouwer gearkomsten ferspraat oer Fryslân 

Agrarysk ûndernimmers kinne kieze út fjouwer byienkomsten: 

  • Tongersdei 22 oktober, 19.30 oere – Soarchbuorkerij it Klokhús, Osingahuzen 45 yn Heech. 
  • Freed 23 oktober, 10.00 oere – Melkfeebedriuw Marten de Jong, Alde Bayumerdyk 4 yn Baaium. 
  • Freed 23 oktober, 14.00 oere – Aktiviteitebuorkerij Hammerslag, Weardebuorsterwei 2 yn Westergeast. 
  • Freed 23 oktober, 19.30 oere –’t Wite Hûs, G.W. Smitweg 20 yn Donkerbroek 

De byienkomsten begjinne mei in ûntfangst mei kofje en tee. Nei ôfrin is der gelegenheid om ynformeel nei te praten. 

Alle agrarysk ûndernimmers wolkom 

Oft jo no melkfeehâlder, bouboer, skieppehâlder, geitehâlder, túnker, jongfeeopfokker, keallehâlder of fisker binne: elkenien is wolkom. De provinsje fynt it wichtich om mei safolle mooglik ferskate agrarysk ûndernimmers yn petear te gean.

Oanmelde

Wolle jo meiprate oer de takomst fan de Fryske lânbou? Meld jo dan oan fia it oanmeldformulier. Jou dêrby oan hokker gearkomste oft jo bywenje wolle. Jo kinne ek alfêst in fraach oft idee meijaan dat jo ûnder de gearkomste beprate wolle.