Unmisbere skeakel yn Vismigratierivier krijt foarm yn Harns
In rivier dy't fisken frij swimme lit tusken sâlt en swiet wetter, mar tagelyk moat foarkomme dat sâlt wetter de Iselmar berikt. Dat freget om tûke oplossings. Yn Harns wurdt op it stuit boud oan in yndrukwekkend betonnen bouwurk wêrmei't de fiskmigraasjerivier as nedich ôfsletten wurde kin. Dit saneamde ôfslútmiddel krijt aanst in plak oan de útein fan de sa'n fjouwer kilometer lange rivier by Koarnwertersân.
De fiskmigraasjerivier is yntusken foar in grut part oanlein. Boskalis Nederlân wurket yn opdracht fan Provinsje Fryslân oan it lêste part oan de Iselmarkant fan de Ofslútdyk. Dit bestiet út in slingerjende rivier en it ôfslútmiddel, wêrmei't de rivier ôfsletten wurde kin om foar te kommen dat sâlt wetter de Iselmar ynstreamt. It ôfslútmiddel wurdt yn opdracht fan Boskalis boud troch Friso Civiel yn Harns.

Twa skowen
Op it bouplak yn Harns, op in grut, iepen plak oan de kade, stiet op dit stuit in betonnen bak, dy't oan de foar- en efterkant iepen is. Ek de boppekant is noch iepen, mar dêr komt ynkoarten feroaring yn, as de bouwers fan Friso Civiel de ferdjippingsflier derop stoarte. Want boppe-op it part dat no al stiet - en dat aanst yn syn gehiel ûnder wetter ferdwine sil - komt in betonnen portaal dêr't twa skowen yn op en del bewege sille.
Kinst no al dúdlik sjen, dat der twa skowen yn it bouwurk komme. Projektengineer Hannah Bervoets fan Boskalis fertelt: “Der komt sawol in brede as in smellere skûf. Beide skowe stean omheech, sadat fisken ûnbeheind migrearje kinne. De brede giet sadree't it floed wurdt as earste ticht. Yn de rivier wurdt in mjitpeal pleatst. Sadree't dy tefolle sâlt wetter detektearret, slút ek de smellere skûf him. Sa foarkomme wy dat der sâlt wetter yn de Iselmar komt.”
Swietwetterbekken
Want, fertelt Hendrik de Vries, wurktarieder by Friso Civiel: “De Iselmar is it grutste swietwetterbekken fan Nederlân. Fan dit wetter wurdt boppedat ûnder mear drinkwetter makke. Dus dat mei net sâlt wurde.”
Der is in soad bedriuwichheid op it tydlike bouplak. De steigerbouwers binne drok dwaande de stipe te bouwen foar de flier dy't aanst boppe-op de wanden stoart wurdt, leit Hendrik út. "Dêrnei komt der noch in kear ûngefear dizze hichte boppe-op, it portaal sil aanst de ein fan de rivier markearje yn it lânskip. De totale hichte is úteinlik 9,5 meter, wêrfan't de helte ûnder wetter komt te stean. We besykje dat de kommende tiid safolle mooglik hjir te bouwen.” De steigerbouwers sille dus hielendal om it betonnen gefaarte stegers hinne opsette.
"Dat is ek de reden dat we op it lân wurkje", seit Hendrik. "Hjir op 'e kade kinne wy it bouwurk prefab meitsje. We hoege dus net yn waar en wyn op it iepen wetter te wurkjen, mar kinne hjir relatyf rêstich fierder wurkje oan it ôfslútmiddel. ”
Ympuls oan de libbenssyklus
It is fansels best bysûnder om oan in oplossing te bouwen dy't bisten in wichtige kâns jout. Docht Boskalis dat wol faker? “Ja”, is it dúdlike antwurd fan Hannah."Mar it is yndie alle kearen wer bysûnder. Mei de fiskmigraasjerivier, dêr't it Ofslútmiddel in ûnderdiel fan is, jouwe wy in wichtige ympuls oan de libbenssyklus fan de trekfisk. De fiskmigraasjerivier is aanst in wichtige ferbining om de rûte nei paaigrûn wer berikber te meitsjen. En se is de foardoar nei it Rijn-deltasysteem. En boppedat is de fiskmigraasjerivier de earste fan de wrâld mei dy omfang en kompleksiteit.”
Iel, salm en spjirring
Foar de oanlis fan de Fiskmigraasjerivier waarden tolve doelsoarten definiearre, wêrûnder de iel, salm, spjirring, forel, bot, rivierprip, seeprip en steur. "Elke fan de tolve soarten hat ek wer in oantal soarten efter him", ferfolget Hannah. “Foar de oanlis hawwe de belutsen partijen – wêrûnder wittenskippers en ekologen – sjoen nei wat dy tolve doelsoarten nedich hawwe yn de rivier”
,,Hoe fluch oft it wetter troch de rivier streamt is bygelyks in hiel wichtige. Mei de skowen yn de fiskmigraasjerivier kinne we de streaming regelje. Sa soargje wy foar in rêstige streaming, wêrby't fisken ek gebrûk meitsje kinne fan it tij om te migrearjen. Dat is in grut ferskil mei de spuislûzen yn de Ofslútdyk. Wannear't dy iepenstean, streamt it swiete wetter mei enoarme krêft rjochting de Waadsee. Foar de measte fisken is it ûnmooglik om tsjin dy streaming yn te swimmen. Mei de fiskmigraasjerivier biede wy trekfisken lykas de spjirring wer in feilige rûte tusken de Waadsee en de Iselmar, en foar oare soarten ek fierder it lân yn.”
‘Just de swakke swimmers wol dy helpe’
"Je hawwe sterke swimmers, de grutte fisken lykas de salm, en swakke swimmers, lykas de glêsiel. Dizze lêste kin net samar tsjin in sterke streaming yn swimme, dy lit him leaver meifiere mei de floedstream. Just de swakke swimmers wolst helpe. De gruttere fisken rêde har ornaris better. Guon fisksoarten sykje by feroarjende streaming beskutting op de boaiem, of grave harren yn. Dêrom is de hiele rivier foarsjoen fan in sânboaiem. Alles is der op rjochte om in sa natuerlik mooglik systeem te kreëarjen.”
De fisken kinne aanst ek ferbliuwe yn de rivier. “De rivier meanderet yn de Iselmar rjochting it ôfslútmiddel. Underweis kinne fisken rêste, skûlje en ite foardat se fierder geane.” Sa wurdt de fiskmigraasjerivier mear as allinnich in trochgong: it wurdt ek in leefgebiet foar ferskate fisksoarten.” Troch de ferbining tusken de Waadsee en de Iselmar te werstellen, draacht de fiskmigraasjerivier by oan it werstel fan fiskpopulaasje en in riker ekosysteem.
Gigantysk gehiel
En dan komt it momint dat it ôfslútmiddel syn definitive hichte berikt hat en nei de Ofslútdyk ferfierd wurde sil."Dat sil neffens planning begjin 2027 wêze", seit Hendrik. “Dat wurdt in hiel nije útdaging. It ferfier bart op in ponton. Alderearst wurdt it ôfslútmiddel troch twa grutte kranen op it ponton hyst en dan giet it gigantyske gehiel op paad.”
It ponton kin yn Harns fia it Van Harinxmakanaal troch de Tsjerk Hiddesslûzen de Waadsee op. Dêr giet it op nei Koarnwertersân, troch de Lorentzslûs de Iselmar op, dêr't it ôfslútmiddel dêrnei op syn plak hyst wurdt.
Boskalis bout yntusken hurd troch oan de slingerjende fiskserivier yn de Iselmar. “De ferwachting is dat de rivier yn de simmer fan 2027 klear is. Fan dat momint ôf kinne fisken wer nei hertinlust migrearje tusken de Waadsee en de Iselmar. "

De Fiskmigraasjerivier en it ôfslútmiddel wurde yn opdracht fan provinsje Fryslân boud.