Underhâldswurk spoarfiadukt N355

Fan moandei 7 septimber om 06.00 oere oant en mei freed 25 septimber om 17.00 oere fiert de provinsje Fryslân grut ûnderhâld út oan de haadrydbaan en de oanslutende op - en ôfritten fan it spoarfiadukt yn de N 355. 

It weidek lit skuorren sjen en it asfalt en de foegen fan it spoarfiadukt binne oan de ein fan harren libbensdoer. Mei dizze wurksumheden soargje wy derfoar dat de dyk en it fiadukt wer yn goede kondysje binne en klear binne foar de kommende jierren. 

Wat sille we dwaan? 

Wy ferwiderje it besteande asfalt op it spoarfiadukt. Dêrnei ynspektearje wy de betonnen ûndergrûn en fiere wy, wêr nedich, oanfoljend ûndersyk en reparaasjes út. Ferfolgens bringe wy in nije asfaltkonstruksje oan op it spoarfiadukt en de oanslutende op - en ôfritten. As lêste ferfange wy de foegen tusken de fiaduktdielen en pleatse wy nije goaten foar in bettere ôffier fan reinwetter. 

Ek de op - en ôfritten krije in opknapbeurt. We ferwiderje de boppeste twa asfaltlagen en bringe nij asfalt oan. Sa slute de op - en ôfritten wer feilich en lykmjittich oan op de haadrydbaan. 

Ofsluting en omliedingen 

By de wurksumheden is de N 355 ôfsletten foar motorisearre ferkear tusken de rotonde Lytsepost en de rotonde East. It ferkear wurdt omlaat fia de oanjûn omliedingsrûtes. Sjoch kaartsje hjirûnder.

Omleidingskaart N355 Buitenpost

Lânbouweinen kinne ûnder it wurk gebrûk meitsjen bliuwe fan de paralleldyk. Fytsers wurde omlaat oer de Trekwei ûnder it spoar troch, sjoch kaartsje hjirboppe. 

Mear witte? 

Hawwe jo fragen oer it wurk? Nim dan gerêst kontakt mei ús op. Wy binne fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren telefoanysk berikber fia 058 - 292 59 25 of oer de e-mail fia provincie@fryslan.frl.