Underhâld slûs Warkum
Yn de maitiid fan 2026 hat de provinsje Fryslân ûnderhâld útfierd oan de slûs yn Warkum. Net alle wurksumheden binne klear. Dêrom geane wy yn de hjerst, nei it farseizoen, fierder mei in tal wurksumheden. Hjirûnder fine jo de lêste data fan it wurk.
Gjin betsjinning fan 19 oktober oant 8 maart
Nei de Strontrace (12 oktober 2026) en de hjerstfakânsje (10 o/m 18 oktober 2026) rûnten wy it ûnderhâld oan de slûs fierder ôf. Yn dizze perioade herstelle wy earst it foechwurk fan de slûs en knappe wy dêrnei de lêste slûsdoarren oan de kant fan It Soal op. Fan moandei oant en mei freed is de slûs fan 19 oktober 2026 ôf stremd foar de skipfeart fanwege dizze wurksumheden. Oant de slûsdoarren fuorthelle wurde, bliuwt de slûs yn in tal wykeinen noch wol beskikber foar betsjinning.
De slûs is noch iepen en te betsjinjen op de folgjende mominten:
Oktober (normale betsjinning)
- Freed 23 oktober fan 17.15 oere ôf:
- Sneon 24 oktober;
- Snein 25 oktober;
- Freed 30 oktober fan 17.15 oere ôf;
- Sneon 31 oktober.
Novimber (winterbetsjinning op ôfrop)
- Sneon 7 novimber;
- Sneon 14 novimber.
Fan 15 novimber 2026 oant en mei 8 maart 2027 is de slûs folslein ticht foar de skipfeart.
Fragen?
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl of telefoanysk fia 058 - 292 59 25 (moandei o/m freed op kantoaroeren).
