Wa is ferantwurdlik foar it ûnderhâld oan de wâlskanten lâns de farwegen yn Fryslân? Op dy fraach jouwe de Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân antwurd fia in digitale kaart. Sa ûntstiet dúdlikens hokker wâlskanten de Fryske oerheden beheare, mar ek hokker wâlskanten ûnder it behear falle fan partikulieren of oare ynstânsjes. De kaart leit fan 12 april 2023 oant en mei 23 maaie 2023 ta besjen.

Yn ús provinsje leit sa’n 1800 kilometer oan wâlskanten lâns farwegen. It is net altyd dúdlik wa't ferantwurdlik is foar it behear fan in wâlskant. Dat kinne sawol Fryske oerheden, partikulieren of oare belanghawwenden wêze. Dêrom hawwe Fryske oerheden hjir tegearre ôfspraken oer makke, dy't begjin dit jier troch Provinsjale Steaten fêststeld binne. Dy ôfspraken jilde foar alle farwegen, lykas oanwiisd yn de provinsjale Farwegen Feroardering (VVF).

Neffens dizze ôfspraken is de provinsje ferantwurdlik foar de wâlskanten lâns beropsfarwegen. It wetterskip is dat foar wâlskanten dy't fan belang binne foar de wetterkwaliteit of wêr't relatyf in soad streaming is. Leit in wâlskant lâns iepenbier terrein yn de beboude kom, dan is de gemeente oan set. Dan bliuwe der noch wâlskanten oer wêrfan't it de ferantwurdlikheid is fan partikulieren of oare ynstânsjes. Yn guon gefallen betellet de oerheid wol mei oan it ûnderhâld, fia in subsydzjefûns.

Ynsjen?

De kaart leit fan 12 april o/m 23 maaie op besjen fia de knop hjirûnder.

Kaart(eksterne link)

Wolle jo graach help by it ynsjen fan 'e kaart? Dan kinne jo delkomme op it provinsjehûs oan de Twibaksmerk 52. Dêrfoar kinne jo in ôfspraak meitsje fia de hjirnei neamde kontaktgegevens.

Reagearje?

Jo kinne jo sjenswize digitaal yntsjinje fia de link hjirûnder:

Sjenswize yntsjinje(eksterne link)

Jo kinne jo sjenswize ek maile nei provincie@fryslan.frl. Jo kinne yngean op saken en/of belangen dy’t wy oer de holle sjogge en/of en hoe’t jo mooglik rekke wurde yn jo belang. Winskje jo in taljochting of hawwe jo oare fragen, nim dan kontakt op fia tel 058 - 292 59 25 of mail provincie@fryslan.frl fan moandei o/m freed yn kantoaroeren.

Wat bart der mei jo reaksje?

Jo sjenswize wurdt behelle by it definityf fêststellen de kaart ‘Oeverbeheer Friese vaarwegen’. Yn in Nota fan Antwurd wurdt taljochte oft en ta hokker wizigingen de sjenswizen laat hawwe. Mochten jo in sjenswize yntsjinje, dan ynformearje wy jo letter skriftlik oer de útkomst. De sjenswizen en dêrby hearrende reaksjes komme úteinlik wer by Provinsjale Steaten. Sy meitsje it einbeslút oer wa't wêr ferantwurdlik foar is. It is de bedoeling dat dy ôfspraken fan 1 jannewaris 2024 ôf jilde sille.

Bron: YouTube(eksterne link), Bylden: Droneview

Wetterwet

De tadieling fan it wâlskantûnderhâld is net frijbliuwend. De Wetterwet (2009) jout in oantal útgongspunten mei. De provinsje wiist wâlskantbehearders oan. Mei de Wetterwet komme wy ta in trijedieling oan wâlskanten:

1. Wichtige wâlskanten foar provinsje, wetterskip en gemeenten
De provinsje beheart de wâlskanten lâns de beropsfarwegen. It wetterskip beheart wâlskanten lâns farwegen mei in soad streaming en dy't wichtich binne foar de wetterkwaliteit. De gemeenten dogge dit foar iepenbiere wâlskanten yn it beboude gebiet.

2. Wâlskanten mei allinnich in funksje op it lân
Dizze wâlskanten wurde yn de takomst beheard troch de belanghawwende op de lânkant: bygelyks partikuliere túnbesitter, boer, natuerbehearder of it wetterskip as behearder fan in regionale kearing.

3. Oevers mei in funksje op it lân en foar it farren
Itselde as it punt hjirboppe, mar by dizze wâlskanten is der in fergoeding út de oerheid wei mooglik foar it ûnderhâld fan de wâlskant. Hjirfoar komt der in oeverfûns.