It tafersjoch op de finansjele posysje fan gemeenten is in provinsjale taak, basearre op de Gemeentewet. It doel dêrfan is in sûne finansjele situaasje by gemeenten te befoarderjen. In gemeente is yn earste ynstânsje sels ferantwurdlik foar in goed finansjeel belied en behear. Wy litte de ferantwurdlikheid oan de gemeenten, mar reagearje alert op risiko’s. Sa drage wy deroan by dat gemeenten harren taken goed útfiere.

De gemeente moat de begrutting en de jierrekken foar beoardieling nei Deputearre Steaten opstjoere. De (mearjierre)begrutting moat op syn lêst 15 novimber fan it jier, dat oan it begruttingsjier foarôf giet, ynstjoerd wurde en de jierrekken foar 15 july fan it jier dat folget op it jier fan ferslach dwaan.

Foarmen fan tafersjoch

Wannear’t de begrutting en jierrekken op ‘e tiid ynstjoerd binne en de finansjele posysje troch ús as foldwaande beoardiele wurdt, dan falt de gemeente ûnder, it reguliere, repressyf tafersjoch (efterôf). It tafersjoch wurdt dan ‘op ôfstân’ dien. Previntyf tafersjoch wurdt ynsteld as de termyn fan ynstjoeren net helle wurdt en/of de begrutting finansjeel net yn lykwicht is. Dat is in strange foarm fan tafersjoch, wêrby’t net allinne de begrutting troch de provinsje goedkard wurde moat, mar wêrby’t ek begruttingswizigings foar goedkarren ynstjoerd wurde moatte.

Tusken de tafersjochhâlders (it ministearje fan BZK en de provinsjes) binne ôfspraken makke oer de wize wêrop’t it tafersjoch útoefene wurdt. Dy ôfspraken binne fêstlein yn it mienskiplik finansjeel tafersjochramt ‘Kwestie fan evenwicht’ dat mei yngong fan 1 jannewaris 2015 fan krêft wurden is. Alle jierren stjoere wy de Fryske gemeenten yn ‘e maitiid in begruttingssirkulêre mei oandachtspunten foar de kommende begrutting. Beide dokuminten kinne jo ûnderoan deze side dellade.

Kêst 12

In gemeente mei finansjele problemen komt ûnder previntyf tafersjoch. Wannear’t in gemeente der úteinlik net yn slagget ‘de finansjele einen byinoar te krijen’ dan kinne se in berop dwaan op in útkearing út it gemeentefûns troch kêst 12 fan de Financiëleverhoudingswet. De gemeente kriget dan in saneamde kêst 12 status. De provinsje en it Ryk bemuoie harren dan yngeand mei it finansjeel belied fan de gemeente.

Finansjeel tafersjoch by weryndieling

Wannear’t in beslút ta weryndieling (fúzje) fan twa of mear gemeenten nommen is, falle de oanbelangjende gemeenten ûnder previntyf tafersjoch. Yn dat gefal moatte neist de begrutting en de begruttingswizigings ek noch oare besluten mei finansjele gefolgen troch Deputearre Steaten goedkard wurde. Dat tafersjoch folget út de Wet algemene regels herindeling (Wet arhi). Mear oer de rol fan de provinsje by weryndieling fine jo op dizze side.

Relevante links

Commissie voor het Besluit begroting en verantwoording provincies en gemeenten(eksterne keppeling)