Fan 1 juny 2023 ôf is subsydzje oan te freegjen foar trije ferskate aktiviteiten rjochte op de bestriding fan ynvasive eksoaten yn de provinsje Fryslân.

Eksoaten binne úthiemske organismen dy't troch minsklike aktiviteiten streekrjocht of yndirekt yn de Nederlânske natuer bedarre binne. Eksoaten dy't foar problemen soargje, wurde ynvasyf neamd. Se breiden harren faak snel út en kinne neidielige gefolgen hawwe foar de lânseigen plante- en diersoarten en/of de ekonomy en de folkssûnens skea tabringe. De provinsje Fryslân hat belied opsteld foar de oanpak en bestriding fan ynvasive eksoaten. Dizze subsydzjeregeling is in útwurking fan dat belied.

Om de bestriding fan de ynvasive eksoaten te befoarderjen wurdt subsydzje jûn foar de werklike bestriding, foar it meitsjen fan in gebietsplan (hoe 't it bêste bestriden wurde kin) en foar frijwilligersgroepen dy't har dwaande hâlde mei bestriding. Mear ynformaasje oer de soarten ynvasive eksoaten dêr't de regeling fan tapassing is, kinne jo hjir fine.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Subsydzje kin ferstrekt wurde foar:

  1. it opstellen fan in gebietsplan (paragraaf 2 út de regeling): it opstellen fan in gebietsplan foar de behearsking en bestriding fan ien of mear ynvasive eksoaten binnen en bûten it Natura-2000 gebiet en NNN foar minimaal seis jier. Dit gebietsplan stjoere jo nei ôfrûnjen oan de provinsje, wêrnei't de subsydzje fêststeld wurdt en it bedrach útbetelle wurdt.
  2. de bestriding fan ynvasive eksoaten (paragraaf 3 út de regeling): dy subsydzje hat as doel om de wiidfersprate ynvasive eksoaten, de kategory 2 en 3 soarten lykas neamd yn taheakke 1 fan de Beliedsnotysje Invasieve Exoten Fryslân(eksterne keppeling), yn Natura 2000-gebiet yn de provinsje Fryslân en it NNN te bestriden.
  3. it fasilitearjen fan in frijwilligersgroep (paragraaf 4 út de regeling ): it fasilitearjen en útrêsten fan frijwilligersgroepen dy 't har rjochtsje op de behearsking en bestriding fan ynvasive eksoaten binnen en bûten Natura -2000 gebiet en NNN.

Wa kin oanfreechje?

Subsydzje foar de subsidiabele aktiviteiten 'opstelle fan in gebietsplan’ en ‘bestriding fan ynvasive eksoaten’ kin allinnich jûn wurde oan rjochtspersoanen yn de provinsje Fryslân.

In subsydzje foar de subsidiabele aktiviteit 'fasilitearje fan in frijwilligersgroep' kin allinnich jûn wurde oan in rjochtspersoan of rjochtspersoan i.o. dy't it fasilitearjen fan in frijwilligersgroep yn de provinsje Fryslân op him nimme wol.

De regeling giet fan 1 juny 2023 oant en mei 31 desimber 2023 iepen en sil yn 2024 oanslutend nochris iepengean, fan 1 jannewaris 2024 oant en mei 31 desimber 2024.

Lêze jo foar it yntsjinjen goed de regeling(eksterne keppeling) troch. Elke paragraaf hat eigen kritearia, wegeringsgrûnen en ferplichtingen. It subsydzjeplafond(eksterne keppeling) foar it opstellen fan it gebietsplan en de frijwilligersgroep bedraacht mei-inoar € 100.000, -. It subsydzjeplafond foar it bestriden fan ynvasive eksoaten bedraacht € 150.000, -. Foar elk ûnderdiel is in apart oanfraachformulier ûnderoan de website te downloaden.

Subsydzjebedrach

  • It subsydzje foar de subsidiabele aktiviteit it opstellen fan in gebietsplan bedraacht op syn heechst 90% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 10.000, -. Dizze subsydzje wurdt foar 80% befoarskot by ferliening. Op it stuit dat wy it gebietsplan fan jo krigen hawwe en goedkard, sille wy de subsydzje fêststelle en it multyfunksjoneel bedrach oan jo útbetelje.
  • De subsydzje foar de subsidiabele aktiviteit de bestriding fan ynvasive eksoaten bedraacht op syn heechst 50% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 24.999, -.
  • It subsydzje foar de subsidiabele aktiviteit it opsetten fan in frijwilligersgroep bedraacht op syn heechst 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 10.000, -.

Wêr? 

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy 't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêrfoar it programma Acrobat Reader DC nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC;
  2. Klik op ‘ Ynfollen en ûndertekenje’;
  3. Folje de antwurden yn;
  4. Print it formulier út;
  5. Undertekenje it formulier;
  6. Soargje derfoar dat alle belange bylagen ek útprinte wurde;
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de bylagen per post op nei de provinsje of leverje it yn by de baly fan it provinsjehûs. 

Mear ynformaasje 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl

Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.