Dizze regeling is sletten, it is net mear mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen.

Wa kin in subsydzje oanfreegje?

Binne jo eigener fan in gebou binnen besteand beboud gebiet of eigener fan in karakteristike pleats bûten besteand beboud gebiet? Dan kinne jo mooglik subsydzje oanfreegje foar it op ' en nij bestegjen fan dit gebou nei nije selsstannige wenromte of flekswenromte. Fan 1 july 2022 oant en mei 24 desimber 2022 wurdt de subsydzjeregeling iepensteld.

Spesifyk wurdt foar it werbestimmen fan karakteristike pleatsen ta selsstannige wenromte bûten besteand beboud gebiet € 150.000 beskikber steld. Foar it op ' en nij bebesteegjen fan gebouwen binnen besteand beboud gebiet ta flekswenromte (tydlike selsstannige wenromte foar maksimaal 15 jier) wurdt in bedrach fan € 225.000 beskikber steld. Foar de werbestimming fan oare gebouwen oant selsstannige wenromte binnen besteand beboud gebiet is € 960.500 beskikber. Yn totaal is der yn 2022 in bedrach beskikber fan € 1.335.500.(eksterne keppeling)

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Om foar subsydzje yn oanmerking te kommen moatte jo op it momint fan oanfragen yn alle gefallen eigener fan it gebou wêze. Fierder moat foar alle ûnderdielen dêr 't jo de subsydzje foar oanfreegje it gebou noch net oanmurken te wêzen as wenromte. Jo moatte oantoane dat de foarnommen aktiviteit liedt ta it realisearjen fan selsstannige wenromte. Wy freegje fan jo ek in skriftlike ferklearring fan de gemeente dat dy ree is om meiwurking te jaan oan de transformaasje nei selsstannige wenromte.

It is belangryk dat jo noch net begûn binne mei de feitlike bouwurksumheden. Dat kinne jo pas dwaan nei 't de oanfraach yntsjinne is.

Der binne twa ferskillende oanfraachformulieren. Haadstik 2 is bedoeld foar Werbestemmen binnen besteand beboud gebiet (wenromte en flekswenromte) Haadstik 3 foar Werbestemmen karakteristike pleatsen bûten besteand beboud gebiet. It is belangryk om it goede oanfraachformulier te brûken.

Besteand beboud gebiet kinne jo sa kontrolearje:

It is belangryk om it goede oanfraachformulier te brûken.

Mear ynformaasje oer de betingsten dêr 't jo oan foldwaan moatte kinne jo fine yn de regeling en de taljochting op de regeling. Jo kinne de regeling en de taljochting fine fia de folgjende link(eksterne keppeling)

Subsydzjebedrach

It subsydzjebedrach is € 7.500, - foar elke nij te realisearjen selsstannige wenromte mei in maksimum fan € 50.000, - it gebou.

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DS folgje jo ûndersteande stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Printsje it formulier
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle taheakken, dy’t frege wurde, ek printe wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post nei de provinsje of leverje it by de baly fan it Provinsjehûs yn.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt mei út Klantkontaktsintrum opnimme, fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.