Subsydzjeregeling transformaasje besteande gebouwen nei betelbere wenromten Fryslân 2026

Subsydzje kin allinnich jûn wurde oan de eigener fan in besteand gebou of part dêrfan foar subsydzje oanfrege wurdt. 

It besteande gebou of it part dêrfan, dêr't de subsidiabele aktiviteit yn realisearre wurdt, hat gjin wenfunksje of in funksje dêr't in wenromte yn tastien is, mits de oanfraach allinnich betrekking hat op it part fan it gebou dêr't noch gjin wenromte tastien is neffens it Beslút bouwurken leefomjouwing. 

  1. In subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere selsstannige wenromten of flekswenromten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 10.000, - de wenromte, mei in minimum fan € 20.000, - en in maksimum fan € 40.000,- de oanfraach.
  2. In subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere nultredewenten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 15.000,- de wenromte, mei in minimum fan € 30.000,- en in maksimum fan € 60.000,- de oanfraach.

De betelberheidsgrinzen foar wenningen wurde alle jierren yndeksearre. Foar 2026 jilde de folgjende betelberheidsgrinzen: 

  • betelbere keapwente: maksimaal € 420.000,-;
  • betelbere hierwente foar middenhier: hierpriis fan € 932,94 ôf oant maksimaal € 1.228,07;
  • betelbere sosjale hierwente: hierpriis maksimaal € 932,93. 

Subsydzje kin oanfrege wurde fan 6 april 2026 oant en mei 30 septimber 2026.

Subsydzjebedrach 

De subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere selsstannige wenromten of flekswenromten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 10.000,- de wenromte, mei in minimum fan € 20.000,- en in maksimum fan € 40.000,- de oanfraach.  

It subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere nultredewenten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 15.000,- de wenromte, mei in minimum fan € 30.000, - en in maksimum fan € 60.000,- de oanfraach.

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit? 

Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje. It digitale oanfraachformulier wurdt fan 9.00 oere ôf op 6 april 2026 aktyf, dus jo kinne fan dat stuit ôf de oanfraach yntsjinje. 

Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.  

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  1. eHerkenning 2+  As jo út namme fan in organisaasje (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes) in oanfraach yntsjinje. Jo account moat dan machtige wêze foar: Niveau EH2 +, Tsjinstferliener: ' Provinsje Fryslân ' of DigiD (foar partikulieren);
  2. In projektplan, mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt;
  3. In skriftlike ferklearring fan it dêrta befoege bestjoersorgaan fan de oanbelangjende gemeente dêr't it gebou yn lein is. Ut dizze ferklearring moat meiwurking fan de gemeente oan de transformaasje blike en de gemeente moat oanjaan wat de hjoeddeiske funksje fan it gebou neffens it omjouwingsplan is en oft dy funksje oanpast wurde moat ta realisaasje fan de aktiviteiten;
  4. In ynfolle de-minimisferklearring neffens it dêrfoar beskikber stelde format;
  5. In resint úttreksel út it Kadaster (maksimaal seis moanne âld);
  6. In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge). 

Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it KCC fia 058 - 292 59 25 of mei de email. Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.

Goed om te witten:

  1. Wet Bibob: 
    Provinsje Fryslân hechtet grutte wearde oan in sûn ûndernimmersklimaat en in yntegere mienskip. Dêrom makket de provinsje by dizze subsydzjeregeling gebrûk fan de Wet Bevordering integriteitsbeoordelen door het openbaar bestuur (Wet Bibob). Yn it saneamde Bibob-ûndersyk beoardielje wy de yntegriteit fan de oanfreger en syn netwurk. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op: Bibob-onderzoek uitvoeren | Fryslan.

By dizze regeling starte wy in ûndersyk sadree't de subsydzje ûnder betingst takend is. Jo binne ferplichte om oan dit ûndersyk mei te wurkjen. Net meiwurkje oft it jaan fan ûnkrekte gegevens gefolgen hawwe kin foar jo oanfraach.

Mear ynformaasje   

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.