Ynwenners, organisaasjes en lytse bedriuwen út Súdeast-Fryslân mei in goed idee om de gearwurking en leefberens yn harren omjouwing te ferbetterjen, komme yn oanmerking foar in subsydzje út it Regiofûns. Dat fûns is ûnderdiel fan de Regiodeal Zuidoost-Friesland(eksterne link).

It fûns is bedoeld foar inisjativen, dy't gearwurking befoarderje en de regio fersterkje, yn de gemeenten It Hearrenfean, East- en Weststellingwerf, Opsterlân en Smellingerlân. Dêrby falt te tinken oan gruttere inisjativen op it mêd fan duorsumens, lânskip, leefberens, kultuer of rekreaasje en toerisme dy’t oer doarps- of gemeentegrinzen hinne geane.

Wa, wat, wannear (doelgroep )

Ferieningen en stichtingen statutêr fêstige yn in Regiodeal-gemeente, mikroûndernimmingen fêstige yn in Regiodeal-gemeente, groepen fan op syn minst 5 natuerlike persoanen yn in Regiodeal-gemeente, dy't oantoanber gearwurkje.

5e Oanfraachperioade

Fan 15 maaie oant en mei 1 juny 2023 is it Regiofûns Súdeast-Fryslân foar de 5e kear iepensteld. Der is foar dizze 5e ronde € 189.000,- euro beskikber. It fûns is in oanfolling op de doarpefûnsen fan de gemeenten. Dit is de op ien nei lêste iepenstellingsperioade foar dizze regeling.

Subsydzjebedrach

It subsydzje bedraacht maksimaal 75% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 50.000, -.

Tink derom:

Neffens kêst 8. lid 3. sub. w. moatte jo projekt in bydrage leverje oan de leefberens yn meardere (lytse) kearnen yn de regio Súdeast-Fryslân en/of in regionaal gemeente oerstiigjend karakter te hawwen. Foar de oare betingsten en ferdielsystematyk ferwize wy jo graach nei kêst 8. lid 3. fan de regeling.

Streekwurk; fan idee ta subsydzjeoanfraach

Om ynsjoch te krijen oft jo projektidee foar subsydzje yn oanmerking komt, advisearje wy jo kontakt op te nimmen mei de projektadviseur fan Streekwurk Súdeast-Fryslân. Dit kin fia it e-mailadres: zuidoost@fryslan.frl.

De projektadviseur sjocht mei jo oft jo idee yn oanmerking komt foar subsydzje. Jo kinne ek by it projektburo terjochte foar advys oer it opstellen fan it projektplan en mei al jo fragen oer it oanfreegjen fan de subsydzje. Op de webside fan Streekwurk(eksterne link) stiet yn in dúdlik stappeplan werjûn hoe't de subsydzje-oanfraach yn syn wurk giet.

Stappeplan:

  1. Nim kontakt op mei Streekwurk Súdeast-Fryslân;
  2. Wurk in foarriedich plan út en regelje de rest fan de finansiering;
  3. Presintaasje fan it konseptplan oan de advyskommisje;
  4. Bereid de oanfraach foar;
  5. Besprek de oanfraach mei de adviseur fan Streekwurk, sy kinne jo noch tips jaan;
  6. Dien jo oanfraach op 'e tiid yn. Sjoch foar de data op de webside;
  7. Beoardieling troch de advyskommisje;
  8. Jo krije sa gau mooglik berjocht oft jo projekt subsydzje kriget;
  9. Oan de slach!

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy 't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêrfoar it programma Acrobat Reader DC nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier troch de wei fan Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC;
  2. Klik op ‘Ynfollen en ûndertekenje’;
  3. Folje de antwurden yn;
  4. Print it formulier út;
  5. Undertekenje it formulier;
  6. Soargje derfoar dat alle befrege bylagen ek útprinte wurde;
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de bylagen oer de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baalje fan it provinsjehûs.

Fragen?

Mear ynformaasje oer it Regiofond Súdeast-Fryslân en begelieding fan it projektidee ta in subsydzje-oanfraach fine jo op de webside fan Streekwurk(eksterne link). Fragen kinne jo stelle oan de ôfdieling Subsydzjes provinsje Fryslân fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia it e-mailadres provincie@fryslan.frl

Koartere reaksjetermyn û.b.v. ASV gemeente Heerenveen

Oanfraachformulier oangeande it oanfraachformulier, op dizze regeling is de ASV van de gemeente Heerenveen fan tapassing; hjirtroch is de reaksjetermyn koarter, nammentlik 10 wiken.