Agraryske ûndernimmingen en leanbedriuwen dy't fêstige binne yn Fryslân kinne fan 4 april oant en mei 25 april 2024 ôf subsydzje oanfreegje. De subsydzje is foar it útwurkjen en dêrnei útfieren fan eksperiminten mei minder of gjin gebrûk fan (gemyske) gewaaksbeskermingsmiddels. En dat op basis fan de prinsipes fan yntegrearre gewaaksbeskerming: wêrby't safolle mooglik gebrûk makke wurdt fan previntive of net-gemyske maatregels, en sa min mooglik fan gewaaksbeskermingsmiddels. 

Foar de subsydzje jildt dat de subsidiearre aktiviteit uterlik ôfrûne wêze moat op 31 desimber 2024.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling 

Wichtich om te witten: 

  • Jo meie noch net úteinset wêze mei it útfieren fan de aktiviteit dêr't jo subsydzje foar oanfreegje, foardat jo de oanfraach yntsjinje. Jo meie wol alfêst begjinne mei de tariedings dêrfan en oare ûnderdielen dy't bûten de subsydzje oanfraach falle;
  • It eksperimint omfettet op syn minst 1 bunder en maksimaal 3 bunder grûn;
  • De aktiviteiten dêr't jo subsydzje foar krije kinne binne eksperiminten mei it ôfbouwen fan it brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels mei op syn minst ien previntive maatregel; 
  • De aktiviteit moat as doel hawwe in grutte fermindering yn miljeu-belestingspunten (MBP) te beheljen. Dêrby jildt in maksimaal talitbere skoare op de CLM-miljeumjitlatte(eksterne keppeling) fan 50 MPB; 
  • Jo kinne subsydzje krije foar in soad saken. Bygelyks ek foar ynhier fan materieel, arbeid en advys; 
  • Jo kinne gjin subsydzje krije foar ûnder oare oanskaf of ûnderhâld fan masines; 
  • Der kin yn 2024 mar 1 oanfraach yntsjinne wurde per oanfreger; 
  • Nei ôfrûnjen fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar krigen is moatte jo binnen 8 wiken in einrapportaazje oanleverje; 
  • We behannelje oanfragen op folchoarder fan binnenkomst.

Subsydzjeregeling(eksterne keppeling)

Subsydzjebedrach 

It totaal beskikbere bedrach foar dizze subsydzjeregeling yn 2024 is € 60.000,-. Dêrby jildt dat wy gjin subsydzje mear jouwe as it subsydzjeplafond berikt is. 

De hichte fan de subsydzje bedraacht 95% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000,- de oanfraach. 

Wat is der nedich foar in oanfraach? 

By it ynfoljen fan jo oanfraach hawwe jo yn alle gefallen de neikommende dokuminten nedich: 

  • Projektplan
  • In topografyske kaart mei de grinzen fan it perseel 
  • Gedetaillearre dekkende projektbegrutting 
  • In ynfolle de-minimisferklearring 
  • KvK-úttreksel fan maksimaal 3 moanne âld 
  • In skermafbylding/printscreen fan de ynfolle miljeumjitlatte en miljeubelingspunten 

Yn de regeling stiet der krekt wat der fan jo ferwachte wurdt.

Stappen foar it oanfreegjen fan subsydzje

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. 

Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêrfoar it programma Acrobat Reader DC(eksterne keppeling) nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier troch de wei fan Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen: 

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Ynfolje en ûndertekenje’ 
  3. Folje de antwurden yn 
  4. Print it formulier út 
  5. Undertekenje it formulier 
  6. Soargje derfoar dat alle befrege bylagen ek útprinte wurde 

Stjoer it ûndertekene formulier mei de bylagen de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baly fan it provinsjehûs. Jo fine de adresgegevens op 'e foarside fan it oanfraachformulier. 

Mear ynformaasje en fragen 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.

Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.