Subsydzjeregeling monuminten Fryslân

Subsydzjeregeling 2026 

Yn 2026 stelt de provinsje Fryslân € 3.420.200,-- beskikber foar it herstel en werbestimming fan boude en griene monuminten, dy't troch it ryk of gemeente as monumint oanwiisd binne. Der fjouwer wichtige ferrommingen yn de regeling. Eigeners fan monuminten kinne in oanfraach yntsjinje fan 14 oant en mei 18 septimber 2026.

Dat binne de fjouwer belangrykste ferrommingen yn de subsydzjeregeling foar monuminten: 

  1. Mear mooglikheden foar grutte restauraasjes; de subsydzje foar restauraasje fan ryksmonuminten, al of net kombinearre mei werbestimming, giet fan maksimaal € 250.000 nei € 500.000;
  2. Mear mooglikheden foar lytse restauraasjes: der binne no mooglikheden foar it restaurearjen fan lytsere ûnderdielen fan monuminten; 
  3. Dêrneist is de regeling foar de restauraasje, al of net kombinearre mei werbestimming, fan gemeentlike monuminten leechdrompelich wurden. Dy hat oars in maksimum fan € 25.000, --;
  4. Ek is der in leechdrompelige regeling foar dakken of werstel fan de tradisjonele dakbedekking fan pleatsen dy't de status hawwe fan ryks - of gemeentlik monumint, mei in maksimum fan € 25.000, --

In taljochting op de wizigingen stiet yn de download.

Hoefolle subsydzje is per kategory beskikber?

1Restauraasje en werbestimming boude en griene Ryksmonuminten € 3.020.000
2Restauraasje en werbestimming fan in boud of grien gemeentlike monumint€    250.000
3Underhâld mûnen dy't troch it ryk as monumint erkend binne€    150.000
 Totaal€ 3.420.200

De formulieren foar it oanfreegjen pleatse wy mids juny op dizze webside.

De regeling is omskreaun yn de Subsydzjeregeling Monuminten Fryslân 2026. De subsydzjeplafonds stean omskreaun yn it Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Monuminten 2026. Jo kinne dizze beide yn de download fine. Deputearre Steaten hawwe dy regeling en dit iepenstellingsbeslút fêststeld op 12 maaie 2026.

Foar wa is de subsydzje?

De subsydzje is foar natuerlike persoanen en privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy 't eigener of saaklik gebrûksberjochtige binne fan in monumint. Sy moatte de subsydzje-oanfraach yntsjinje.

Eigeners fan in wenhûs-monumint kinne gjin subsydzje oanfreegje mei dizze regeling. Se kinne wol kâns meitsje op in liening út it restauraasjefûns. Of út de lanlike Woonhuisregeling foar ûnderhâld.

Wat dogge wy mei jo oanfraach? 

Wy wize it subsydzje ta op folchoarder fan binnenkomst. As der mear oanfragen binne op in dei as der budzjet beskikber is, sille wy lotsje wa't de subsydzje krijt. 

Jo krije uterlik yn desimber 2026 fan de provinsje Fryslân de beskikking fan de subsydzje. It Restauraasjefûns docht dêrnei it finansjele ôfhanneljen fan subsydzjes dy 't troch ús ferliend binne.

Hoe freegje jo subsydzje oan?

Per kategory is in oanfraachformulier beskikber. Yn de oanfraachformulieren steane de fragen en ferplichte bylagen dêr't jo oan foldwaan moatte by de oanfraach.

Jo kinne jo oanfraach op 3 wizen yntsjinje: digitaal, oer de post of persoanlik ôfjaan by de baalje op it provinsjehûs. Yn de praktyk binne de bylagen by in oanfraach grut. Jo meie de bylagen dêrom yntsjinje op in USB-stick. Stjoer dy mei it ûndertekene oanfraachformulier of jou dy ôf by de baalje. Folje it formulier folslein yn en doch alle frege bylagen by om tefoaren te kommen dat jo subsydzje misrinne. 

Ien fan de bylagen dy't jo meistjoere sille, is in begrutting. Brûk dêrby dit format en kies foar “Gebouwd” of “Grien” monumint.

Digitaal oanfreegje

By it iepenstellen fan de subsydzjeregeling (fan 14 oant en mei 18 septimber 2026) kinne jo digitaal jo oanfraach yntsjinje. Yn dit proses logge jo yn mei DigiD of E-werkenning. Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle bylagen kinne jo online taheakje. Hokker bylagen nedich binne, sjogge jo by de formulieren ûnderoan dizze side.

Fjouwer oandachtspunten foar de oanfraach

Foar de subsydzje-oanfraach freegje wy jo omtinken foar fjouwer ûnderwerpen. Begjin dêrom op 'e tiid foar de oanfraach:

  1. Fergunning en Ontheffing Wet natuerbeskerming
  2. Learlingewurkpleats
  3. Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen en ynspeksje
  4. (Net) Subsydzdiabele kosten

1. Fergunning en Ontheffing Wet natuerbeskerming

Mooglik hawwe jo foar de restauraasje of werbestimming in omjouwingsfergunning of in gemeentlik monumintfergunning nedich. Tink der dan om dat jo dy foar 15 septimber 2025 yntsjinje, dus foar jo de subsydzje oanfreegje.

Gean ek nei oft jo in ûntheffing nedich hawwe foar de Wet natuerbeskerming. Jo kinne dy ûntheffing streekrjocht by de provinsje oanfreegje of de ynstimming fia de omjouwingsfergunning by de gemeente rinne litte. Dizze ûntheffing stiet los fan jo subsydzje-oanfraach by de provinsje Fryslân.

De provinsje freget foar de ûntheffing gjin leezjes as jo dy oanfreegje as partikulier monuminte-eigener of ideële stichting. Betingst dêrby is dat der mei de wurksumheden in maatskiplik belang is, lykas it behâld fan kultureel erfgoed. En gjin kommersjeel belang.

2. Learlingewurkpleats

Hâld jo foarôf ek rekken mei it folgjende: As jo subsydzje út de regeling krije, dan binne jo ferplichte om learlingen wurkplakken beskikber te stellen foar it restauraasje-fak. Foar mear ynformaasje en it pleatsen nimme jo kontakt op mei de Restauraasje Opleidings Projekten-koördinator Hilke Janssen. Belje: 06 - 20 40 20 55 of mail nei: rop@restauratienoord.nl. Mear ynformaasje fine jo op www.restauratienoord.nl

3. Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen en ynspeksje

As jo it maksimum resultaat út jo subsydzje helje wolle, gean dan yn see mei in bedriuw út it register Kennis en Kunde. Dit register biedt in oersjoch fan alle bedriuwen dy 't bewiisd hawwe dat se wurksumheden oan monuminten op de goede wize útfiere. Jo kinne sykje op jo regio, of op in beskaat spesjalisme, lykas glês yn lead of pleisterwurk.

Noch in tip: Binne jo eigener fan in monumint of in karakteristyk pannen/bouwurk? Jo kinne in abonnemint nimme op de Monumentenwacht. Dêrmei kinne jo tsjin in subsidiearre leech taryf in ûnôfhinklike ynspeksje fan jo pân útfiere litte.

4. (Net) Subsydzdiabele kosten

Biket út jo ûndersyk foar dizze subsydzje-oanfraach dat der kosten binne dêr 't jo gjin subsydzje foar krije kinne? Wa wit is it foar jo geunstich om jo in liening te freegjen fia it Nationaal Restauratiefonds.

Hawwe jo fragen oer jo subsydzjeoanfraach?

Meiwurkers fan de ôfdieling Subsydzjes helpe jo graach by jo fraach. Belje 058 - 292 59 25 of mail nei: subsidies@fryslan.frl.