Subsydzjeregeling Kennisprojekten gewaaksbeskerming en tûk bedongje

By dizze regeling wurdt per 1 oktober 2026 it nije subsydzjeportaal brûkt. Fia dat portaal tsjinje jo de subsydzje-oanfraach yn en kinne jo de status besjen. De oare kommunikaasje ferrint ek fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach. 

Tink derom, foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach (en it brûken fan it portaal) hawwe jo it neikommende nedich: 

  • eHerkenning mei:
    • feilichheidsnivo 2+;
    • de tsjinst  'Subsidieportaal'.

Mear ynformaasje fine jo op Subsydzjes | Fryslan.

Fan 19 novimber 2026 ôf kinne jo subsydzje oanfreegje foar kennisprojekten gewaaksbeskerming en tûk bedongje.

De subsydzje kin oanfrege wurde troch in yn Fryslân fêstige lânbouûndernimming, leanwurker, produsint of leveransier fan dongstoffen, ûndernimming dy't aktyf is yn presyzjelânbou, agrarysk kollektyf, koöperaasje, agrarysk advysburo, ûndersyks - of kennisynstelling of ûnderwiisynstelling of troch in gearwurkingsferbân, besteande út twa of mear fan boppeneamde partijen. 

  • De subsydzje foar kennisprojekten gewaaksbeskerming kin oanfrege wurde fan 19 novimber 2026 oant en mei 10 jannewaris 2027. 
  • Subsydzje foar projekten oer tûk bedongje kin oanfrege wurde fan 19 novimber 2026 oant en mei 20 desimber 2026. 

Foar beide projektsoarten jildt dat de aktiviteiten uterlik 31 desimber 2027 folslein útfierd binne.

Subsydzjeplafond 

  • It beskikbere subsydzjeplafond foar projekten gewaaksbeskerming is € 100.000. It subsydzje bedraacht maksimaal 80% fan de subsidiabele kosten en is op syn minst € 5.000 en op syn heechst € 25.000 de oanfraach. 
  • It beskikbere subsydzjeplafond foar projekten tûk bedongje is € 150.000. It subsydzje bedraacht maksimaal 80% fan de subsidiabele kosten en is op syn minst € 5.000 en op syn heechst € 50.000 de oanfraach.

Hokker kennisprojekten komme yn oanmerking? 

  • Gewaskbeskerming: kennis- en dialoochgearkomsten, ekskurzjes, fjildgearkomsten, de ynset fan ûnôfhinklike petearders of saakkundigen, de ûntwikkeling fan ynformaasjemateriaal en de ferslachjouwing en fersprieding fan opdiene kennis. 
  • Tûk bedongje: praktykproeven, demonstraasjefjilden, mjittings en monitoaring, kennisûntwikkeling, fjildgearkomsten en de ûntwikkeling en it testen fan nije tapassingen.

Betingsten 

De oanfraachkritearia en oare ynformaasje dy't nedich binne, binne te finen yn de subsydzjeregeling. Lês de regeling Subsidieregeling kennisprojecten gewasbescherming en slim bemesten Fryslân | Lokale wet- en regelgeving om te sjen oft jo oan de betingsten foldogge. 

De wichtichste betingsten binne: 

  • de aktiviteiten wurde yn Fryslân útfierd; 
  • de needsaak, oanpak, beëage resultaten en doelgroep binne konkreet beskreaun; 
  • De begrutting is slutend en de kosten binne reedlik en needsaaklik; de relevante kennis en resultaten wurde aktyf dield mei de beëage doelgroep; 
  • Foarsafier't foar de útfiering fergunningen of tastimmingen needsaaklik binne, binne dy uterlik by de start fan de oanbelangjende aktiviteit ferkrigen en oerlein oan provinsje Fryslân; 
  • de dielnimmers oan it gearwurkingsferbân hawwe in gearwurkingsoerienkomst sletten dêr't op syn minst de ûnderlinge taakferdieling, ferantwurdlikheden en finansjele ôfspraken yn fêstlein binne; 
  • De projektútfiering set útein nei it yntsjinjen fan 'e subsydzje-oanfraach.

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit? 

Jo kinne de oanfraach fan 19 novimber 2026 ôf digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.

Oanfraachformulier gewaaksbeskerming

Oanfraachformulier tûk bedongje

Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. 

Om it oanfraachformulier flot troch te rinnen is it fan belang om foarôf de ferplichte bylagen ta te rieden, soargje derfoar dat alle bylagen ynfolle op jo kompjûter opslein steane foardat jo it oanfraachformulier ynfolje. 

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  • eHerkenning mei:
    • feilichheidsnivo 2+;
    • de tsjinst 'Subsidieportaal';
  • Projektplan. Jo kinne dêr gebrûk foar meitsje fan it folgjende format: link format; 
  • Slutende projektbegrutting en dekkingsplan. Jo kinne dêr gebrûk foar meitsje fan it folgjende format: link format; 
  • Taljochting saakkundichheid oanfreger/projektpartners 
  • KvK-úttreksel (as fan tapassing) 
  • Gearwurkingsoerienkomst (as fan tapassing) 
  • Reguliere de-minimisferklearring of, foar ûndernimmingen dy't aktyf binne yn de primêre produksje fan lânbouprodukten, de lânbou de-minymisferklearring 
  • Kopie bankôfskrift (as jo noch nea, of langer as twa jier lyn, in subsydzje fan Provinsje Fryslân ûntfongen hawwe);

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.