Subsydzjeregeling Feekeuringen

By dizze regeling wurdt per 1 oktober 2026 it nije subsydzjeportaal brûkt. Fia dat portaal tsjinje jo de subsydzje-oanfraach yn en kinne jo de status besjen. De oare kommunikaasje ferrint ek fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach. 

Tink derom, foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach (en it brûken fan it portaal) hawwe jo it neikommende nedich: 

  • eHerkenning mei:
    - feilichheidsnivo 2+;
    - de tsjinst 'Subsidieportaal'.

Mear ynformaasje fine jo op Subsydzjes | Fryslan

Subsydzje kin jûn wurde foar it tarieden en útfieren fan in feekeuring foar grutte lânbouhúsdieren yn Fryslân yn de perioade 1 july 2026 oant en mei 30 juny 2027. Jo kinne in oanfraach yntsjinje fan 5 novimber 2026 oant en mei 30 juny 2027.

 De subsydzje kin oanfrege wurde troch in organisaasje dy't feekeuringen yn Fryslân organisearret, wêrby't de organisaasje fóár de datum fan yndiening fan de oanfraach oantoanber op syn minst ien kear in feekeuring foar grutte lânbouhúsdieren organisearre hat.

Subsydzjeplafond 

It beskikbere subsydzjeplafond is € 40.000. It subsydzje bedraacht maksimaal 10% fan de subsidiabele kosten fan de aktiviteit mei in minimum fan € 1.000 en in maksimum fan € 10.000. De totale subsidiabele kosten op de begrutting berinne op syn minst € 10.000.

 

Betingsten 

De oanfraachkritearia en oare ynformaasje dy't nedich binne, binne te finen yn de subsydzjeregeling. Lês de regeling om te besjen oft jo oan de betingsten foldogge. 

De wichtichste betingsten binne: 

  • De keuring wurdt yn Fryslân holden en is tagonklik foar publyk;
  • Jo hawwe foar de keuring dêr’t jo no subsydzje foar oanfreegje, oantoanber op syn minst ien kear earder in feekeuring foar grutte lânbouhúsdieren organisearre;
  • De feekeuring fynt plak tusken 1 july 2026 en 30 juny 2027. 
  • De feekeuring draacht oantoanber by oan op syn minst twa fan de neikommende resultaten:
    a.  kennisútwikseling binnen de agraryske sektor;
    b.  sichtberens fan fakmanskip en ûndernimmerskip yn de Fryske feehâlderij;
    c.  moeting tusken lânbouwers en ynwenners;
    d.  maatskiplike wurdearring.

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit? 

Jo kinne de oanfraach fan 5 novimber 2026 ôf digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.

Oanfraachformulier 

Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. 

Om it oanfraachformulier flot troch te rinnen is it fan belang om foarôf de ferplichte bylagen ta te rieden, soargje derfoar dat alle bylagen ynfolle op jo kompjûter opslein steane foardat jo it oanfraachformulier ynfolje. 

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  • eHerkenning mei:
    • feilichheidsnivo 2+;
    • de tsjinst 'Subsidieportaal';
  • Spefisearre en slutende begrutting mei dekkingsplan. Jo kinne hjirfoar gebrûk meitsje fan it format;
  • Programma / draaiboek fan de feekeuring. Jo kinne hjirfoar gebrûk meitsje fan it format;
  • Bewiisstik fan de earder organisearre feekeuring; 
  • Oersjoch fan gearwurkingspartners en oare finansiers (as fan tapassing); 
  • Reguliere de-minymisferklearring; 
  • Oersjoch fan gearwurkingspartners en oare finansiers, as fan tapassing; 
  • Kopie bankôfskrift (as jo noch nea, of langer as twa jier lyn, in subsydzje fan Provinsje Fryslân ûntfongen hawwe).

Mear ynformaasje 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.