Dizze regeling is sletten, it is net mear mooglik om in oanfraag yn te tsjinnen.

Foar wa?

Gemeenten kinne subsydzje oanfreegje fan 1 jannewaris 2022 oant en mei 31 oktober 2023. It subsydzjeplafond bedraacht € 630.000, -. De regeling is bedoeld foar it yn stân hâlden of ferbetterjen fan de leefberens op it Fryske plattelân troch stipe te bieden by it ûntwikkeljen fan in Doarpsûntwikkelingsmaatskippij dy 't wurket neffens de DOM-metodyk.

Betingsten

Subsydzje wurdt jûn foar alle aktiviteiten dy't rjochte binne op prosesstipe by it ûntwikkeljen fan in DOM yn ien of in kombinaasje fan doarpen en it oanstellen fan DOM-tinkers.

Subsydzjebedrach

Foar de prosesstipe by it ûntwikkeljen fan in DOM bedraacht it subsydzjebedrach maksimaal € 12.500 de oanfraach.

Foar it oanstellen fan DOM-tinkers is it subsydzjebedrach op syn meast € 10.000 de oanfraach.

Der moat sprake wêze fan in dekkende begrutting, wêrby't de oanfoljende finansiering folslein bestiet út gemeentlike kofinansiering. Yn de regeling stiet taljochte yn hokker ferhâldingen dat tapast wurde moat.

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy 't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêrfoar it programma Acrobat Reader DC nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC.
  2. Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Printsje it formulier út
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle frege taheakken ek printe wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baly fan it provinsjehûs.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.

Oare ynformaasje en taheakken

Foar mear ynformaasje oer de DOM-metodyk sjoch de taheakkeFlyer DOM-methodiek’.  Foar oare ynformaasje: www.wijzijndom.frl(eksterne keppeling).