Subsydzje foar kennisdieling yn de lânbou yn Fryslân

Fan 2 novimber 2026 ôf kinne kennisoanbieders subsydzje oanfreegje om bouboeren yn Fryslân te helpen mei praktyske kennis foar in takomstbestindige lânbou. De provinsje stelt dêr € 1 miljoen foar beskikber. 

De subsydzje Kennisfersprieding en ynformaasje giet op moandei 2 novimber iepen. Oanfreegje kin oant en mei tongersdei 7 jannewaris 2027 om 17.00 oere. 

Mei dizze subsydzje kinne kennisoanbieders, lykas advysorganisaasjes, ûndersyksynstellingen en praktyksintra, kennis diele mei groepen lânboubouwers. gearwurkingsferbannen fan kennisoanbieders kinne ek oanfreegje. Tink oan trainingen, workshops, coaching, foarljochtingen en demonstraasjes oer bygelyks: 

  • presyzjelânbou en digitalisearring; 
  • nije wizen om jild te fertsjinjen mei lânbou; 
  • duorsume ketens en gearwurking yn de lânbou; 
  • klimaatadaptaasje en wetterbehear; 
  • duorsum boaiembehear en kringlooplânbou; 
  • bioferskaat en natuerynklusive lânbou. 

Foar elk projekt kinst op syn minst € 125.000 en op syn meast € 500.000 subsydzje oanfreegje. De subsydzje fergoedet 80% fan de subsidiabele kosten. 

Besjoch de subsydzjeside 

Kin dyn organisaasje bydrage oan in takomstbestindige lânbou? Wolst kennis diele dy't lânbouwers helpt om nije ynsichten en techniken ta te passen op harren bedriuw? En wolst witte oft dyn organisaasje hjirfoar subsydzje krije kin? Besjoch dan de subsydzjeside. Dêr lêze je hokker betingsten jilde en hoe't je in oanfraach yntsjinje. 

GLB 23-27

De subsydzje is ûnderdiel fan it Gemeenschappelijk Landbouwbeleid 2023-2027 (GLB 23-27). Dit belied wurdt finansiere troch de Europeeske Uny (EU) en provinsjes. It hat ta doel om de lânbou te modernisearjen en duorsumer te meitsjen, wêrby't tagelyk de fiedselsekerheid beskerme wurdt.