Subsydzje foar kennisdieling oer wetter en boaiem yn de Fryske lânbou

Provinsje Fryslân wol it fersprieden fan kennis op it mêd fan wetter en boaiem yn ‘e Fryske lânbou safolle mooglik stimulearje. Op 15 septimber is de iepenstelling fan ‘e nije subsydzjeregeling ‘Kennisfersprieding en ynformaasje wetter en boaiem Fryslân 2025’. Der is in bedrach fan €2 miljoen beskikber. It subsydzje is ûnderdiel fan it Mienskiplik Lânboubelied (GLB) en helpt boeren om duorsumer en takomstbestindich te wurkjen.

De subsydzje biedt kânsen foar kennisoanbieders om ûndernimmers te stypjen op harren ûntwikkelpaad. Tink oan in advysorganisaasje, ûndersyksynstelling, ûnderwiisynstelling of praktyksintrum. Ek in gearwurkingsferbân fan kennisoanbieders kin it subsydzje oanfreegje. Betingst is dat it ûnderwerp oan de tema’s wetter en boaiem rekket. Oanfreegje is mooglik oant en mei 28 novimber 2025 fia SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland). It subsydzje is maksimaal €500.000,- it projekt.

Wêr kinne jo subsydzje foar oanfreegje?

Der kin subsydzje oanfrege wurde foar aktiviteiten lykas trainingen, workshops, (yndividuele) coaching, foarljochting en demonstraasjes. Dy aktiviteiten moatte boeren stypje by de wetter- en boaiemopjeften yn Fryslân. It kin ek gean om tema’s dy’t reitsje oan wetter en boaiem, lykas greidefûgelbehear, wêrby’t de grûnaard en wetterhúshâlding krúsjaal binne en der dêrtroch ek (yn)direkt ferbettering foar wetter en/of boaiem ûntstiet.

Fan it fersterkjen fan konkurrinsjekrêft oant it oanpassen oan klimaatferoaring

De aktiviteiten moatte oan ien of mear fan de neikommende doelen yn relaasje ta wetter en/of boaiem bydrage:

  • nije duorsume fertsjinmodellen yn ‘e lânbou ûntwikkelje;
  • it op ‘e merk rjochte wêzen en de konkurrinsjekrêft fan lânboubedriuwen fuortsterkje;
  • oan duorsume weardestringen, wêryn’t de posysje fan de boer ferbettere wurdt wurkje;
  • it ferminderjen en oanpassen oan klimaatferoaring;
  • duorsum gebrûk fan natuerlike helpboarnen lykas wetter, boaiem en lucht, mei minder ôfhinklikens fan gemyske middels;
  • bioferskaat, ekosysteemtsjinsten en behâld fan lânskippen fuortsterkje.

Mear ynformaasje oer dizze subsydzje fine jo op de subsydzje webside fan SNN

Mienskiplik Lânboubelied

It subsydzje is ûnderdiel fan it Gemeenschappelijk Landbouwbeleid 2023-2027 (GLB 23-27). Dat belied, finansiere troch de Europeeske Uny (EU) yn gearwurking mei de provinsjes, hat as doel de lânbou te modernisearjen en duorsumer te meitsjen, wêrby’t tagelyk de itenswissichheid beskerme wurdt.