Subsydzje foar it opknappen en de ynrjochting fan it Frysk lanlik gebiet

Fan 1 maaie 2025 ôf stelt de provinsje Fryslân in bedrach fan € 1 miljoen beskikber foar in griener, sterker en fearkrêftiger Fryslân. It subsydzje is bedoeld foar inisjativen op net-lânbougrûn foar it opknappen en ynrjochtsjen dêrfan, foar grûneigeners en pachters, doarpsbelangen, (erfgoed)stichtingen en -ferienings, natuer- en lânskipsorganisaasjes en foar gearwurkingsferbannen. Sa wol de provinsje it lânskip takomstbestindich meitsje.

Mei dit subsydzje stipet de provinsje Fryslân ynvestearrings dy’t bydrage oan it opknappen en de ynrjochting fan it Fryske kultuerlânskip op net-lânbougrûn. Tink oan histoaryske paden, elzesingels, doarpsgrien en wetterstruktueren. Ek it opknappen fan leanen of it werombringen fan beamwâlen is mooglik, of boarnpuollen en oare weardefolle ûnderdielen fan it lânskip.

Deputearre Abel Kooistra: “Wy binne grutsk op ús Fryske plattelân. Mei dizze regeling wurkje wy mei-inoar oan it behâld en opknappen fan unike eleminten yn ús Fryske lânskip”.

Wa kin subsydzje oanfreegje? 

It giet om de subsydzjeregeling ‘Niet-productieve investeringen landschap, biodiversiteit en water’ dy’t ek yn 2024 iepensteld is. It subsydzje is foar natuerlike persoanen en rjochtspersoanen, of gearwurkingsferbannen fan dy groepen. De regeling is mooglik ek ynteressant foar grûneigeners en pachters, doarpsbelangen, (erfgoed)stichtingen en -ferienings, natuer- en lânskipsorganisaasjes. Letter fan ‘t jier ferwachtsje wy in iepenstelling fan in ferlykbere subsydzje foar lânbougrûn.

It subsydzje dat no iepengiet is bedoeld foar inisjativen op net-lânbougrûn, dy’t bydrage oan it ferbetterjen fan bioferskaat, it fuortsterkjen fan lânskipseleminten, it ferheegjen fan wetterkwaliteit en -kwantiteit, it behâld fan kultuerhistoaryske eleminten en it fearkrêftiger meitsjen fan it lanlik gebiet yn Fryslân. Men moat in subsydzje-oanfraach dwaan fan op syn minst € 100.000, - en op syn meast € 500.000, -. It subsydzjepersintaazje is 70% foar ynvestearrings allinnich foar wetterkwantiteit en 100% foar de oare ynvestearrings.

Europeesk Mienskiplik Lânboubelied 

De iepenstelling slút op 30 july 2025, 17.00 oere. De útfiering is yn hannen fan SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland). De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it Europeesk Mienskiplik Lânboubelied (GLB). It GLB wurdt troch de Europeeske Uny (EU) finansiere; provinsjes en gemeenten fiere dat mei-inoar út. It programma rjochtet him op it modernisearjen en duorsumer meitsjen fan ‘e lânbou, mei behâld fan itenswissigens. Fia ferskate subsydzjes wurdt wurke oan in lânbou, dy’t ekonomy, boer en libbensfermidden ferbynt.
Mear ynformaasje oer GLB en de iepenstellingskalinder fan 2025 fine jo op de webside fan de provinsje: Gemeenschappelijk Landbouw Beleid (GLB) | Fryslân

Ynvestearringsbedrach foar wetter 

Dizze subsydzjeregeling ken twa ynvestearringslisten mei aktiviteiten dy’t yn ‘e beneaming komme. Njonken it earste ûnderdiel dat him rjochtet op it Fryske kultuerlânskip, rjochtet it twadde ûnderdiel him op KRW- en klimaatadaptaasjeynvestearrings op it mêd fan wetter. Dêrfoar is in bedrach fan  € 8.360.000,- beskikber. Allinne wetterskippen kinne har dêrop ynskriuwe.

Mear witte?

Binne jo in partikulier of organisaasje (gjin lânboubedriuw) en wolle jo yn maatregels, dy’t it Fryske lânskip, it bioferskaat of de wetterkwaliteit ferbetterje, ynvestearje? Freegje dan subsydzje oan foar jo net-produktive ynvestearring. Mear spesifike ynformaasje en de betingsten fan de regeling fine jo op de subsydzjeside op de webside fan SNN.