Subsydzje foar herstel en ynrjochting fan it agrarysk kultuerlânskip op lânboubedriuwen
Fryslân stimulearret it herstel en de ynrjochting fan it agrarysk kultuerlânskip op lânboubedriuwen. Op 4 augustus 2025 giet de nije subsydzjeregeling ' Niet-productieve investeringen op landbouwgronden 2025' út it Gemeenschappelijk Landbouwbeleid 2023-2027 (GLB) iepen. Yn maaie wie de iepenstelling foar inisjativen op net-lânbougrûn.
De subsydzje is bedoeld foar net-produktive ynvestearrings op lânbougrûn. Tink oan it oanlizzen of herstellen fan lânskipseleminten en bosken, effisjinter gebrûk fan wetterfoarsjenningen en ferheegjen fan it bioferskaat. De provinsje Fryslân hat hjir mei-inoar €4 miljoen foar beskikber steld.
Fan elzesingels oant ikkerrânen
De subsydzje biedt kânsen foar elkenien dy't bydrage wol oan in duorsume en takomstbestindige lânbou troch de wei fan ynvestearringen op lânbougrûnen. De ynvestearrings kinne bygelyks wêze herstel of oanlis fan elzesingels, krûderyk greppellân, natuerfreonlike wâlskanten of peilferhegingen. Ek it oanlizzen fan rânen of it herstellen fan pingoruïnes (âlde kraters út de iistiid) is mooglik.
Deputearre Abel Kooistra: “We binne grutsk op ús Fryske plattelân én op ús lânbou. Mei dizze regeling wurkje wy mei elkoar oan it behâld en herstel fan unike eleminten yn ús Fryske lânskip.”
Wa kin subsydzje oanfreegje?
It subsydzje is beskikber foar in ferskaat oan partijen lykas in agrarysk kollektyf, lânbouwer, lânbou-organisaasje, organisaasje foar lânskipsbehear of in gearwurkingsferbân fan lânbouwers. De subsydzje giet iepen op 4 augustus 2025 en slút op 31 oktober 2025. Yn totaal is €4 miljoen beskikber dêr't €2,5 miljoen foar lânskipsmaatregels en €1,5 miljoen foar wettermaatregels fan beskikber binne. It subsydzjepersintaazje is 100% mei útsûndering fan wetterynvestearringen dy't ynfloed hawwe op de beskikberens fan wetter; dy ynvestearrings hawwe in subsydzjepersintaazje fan 70%. De subsidiabele maatregels steane yn de taheakke fan it iepenstellingsbeslút opnommen.
Mienskiplik Lânboubelied
De subsydzje foar it herstel fan agrarysk kultuerlânskip op lânboubedriuwen is ûnderdiel fan it Gemeenschappelijk Landbouwbeleid (GLB) foar de perioade 2021-2027. Dat belied, finansiere troch de Europese Unie (EU) yn gearwurking mei provinsjes, hat as doel de lânbou te modernisearjen en duorsumer te meitsjen, wêrby’t tagelyk de fiedselsekerheid beskerme wurdt. By it programma komme der ferskate subsydzjes beskikber om in lânbou te kreëarjen dy't ekonomy, boer en leefomjouwing mei-inoar ferbynt. Mear ynformaasje oer GLB en de iepenstellingskalinder fan 2025 is te finen op de webside fan de provinsje: Gemeenschappelijk Landbouw Beleid (GLB) | Fryslân. Mear spesifike ynformaasje en de betingsten fan dizze regeling Net-produktive ynvestearringen lânbou – Fryslân 2025 op de webside fan it SNN.