Strekdam Warkum freed formeel iepen foar publyk
De nije strekdaam by Warkum giet op freed 20 novimber formeel iepen foar publyk. Oannimmer Van Oord fersoarget op tongersdei 19 novimber de technyske oplevering, wêrnei't de strekdaam offisjeel iepen is foar publyk. De nije strekdaam soarget derfoar dat de fargeul net langer ticht sliket, sadat de wetterdjipte foar de skipfeart better hanthavene wurdt.
Op de strekdaam leit in betonpaad, wat brûkt wurde kin as kuierpaad. Dêrneist lizze der fjouwer fiskploegen foar angelsporters. Ek lei de oannimmer in trailerhelling oan foar lytse sylboaten op hântrailers. Koartlyn waard it betonpaad as lêste ûnderdiel oanlein. It soldatepaad achter it strân del wurdt op dit stuit dêrneist noch opknapt.
De oanlis fan de strekdaam is ûnderdiel fan in grutter projekt by Warkum op it mêd fan eroazje- en rekreaasjemaatregels en natuerherstel. Njonken de oanlis fan de strekdaam wurdt it rekreaasjewetter by it strân ferdjippe en wurdt mei it fuorthelle sân natuergebiet de Warkumerwaard wersteld en fersterke. Dy wurksumheden binne yntusken úteinset en wurde begjin 2027 ôfrûne.
Alle wurksumheden fine plak út it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust. Yn Versterken Friese IJsselmeerkust wurkje Ryk, Provinsje Fryslân, gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren en natuerorganisaasjes gear oan in sterke en feilige Iselmarkust, mei omtinken foar natuer, lânskip en rekreaasje. It Soal by Warkum is ien fan de grutste dielprojekten fan Versterken Friese IJsselmeerkust.