SOILCRATES is ûnderdiel fan de Europeeske Missy ‘A Soil Deal for Europe (Mission Soil), ien fan de fiif misjes ûnder it Europeeske Research en Ynnovaasje - (R & I) - programma Horizon. De provinsje Fryslân is de leadpartner fan it projekt, mei Hogeschool Van Hall Larenstein as ynhâldlik partner. Ek binne de Nederlânske partners Stichting Wetsus, Wageningen Universiteit Research, Louis Bolk Instituut en de Noardlike Fryske Wâlden oansletten. 

Op dit stuit is nei skatting 60 oant 70% fan de boaiems yn Europa (slim) oantaast troch fersmoarging en net-duorsume foarmen fan lângebrûk. Dit jout de EU soargen. Sy sjocht in sûne boaiem as de basis fan ús itenssysteem, as betingst foar skjin wetter en wichtich foar it bioferskaat. In sûne boaiem draacht by oan fearkrêft yn tiden fan klimaatferoaring. Binnen it Europeeske 'Mission Soil' - programma finansieret de Europeeske Kommisje ûndersyk en ynnovaasje rjochte op it beskermjen en werstellen fan de boaiem. It wichtichste doel fan Mission Soil is it realisearjen fan 100 Living Labs en Lighthouses yn 2030, om de transysje nei sûne boaiems te lieden. Binnen SOILCRATES wurkje meardere EU-lannen gear oan it opsetten fan fjouwer Living Labs. 

De namme SOILCRATES is ôflaat fan it Ingelske wurd foar boaiem yn kombinaasje mei de namme Socrates. Socrates wie in Grykske filosoof dy't ûnder oare bekend is fan útspraken as: “De enige echte wijsheid is weten dat je niets weet”. En: "Ik kin net ien wat leare. Ik kan ze alleen aan het denken zetten." 

Er staan een viertal personen met de rug naar de camera uit te kijken op een heel groot bietenveld. In de verte rijdt een tractor.
Grond waar droogtescheuren in zitten en waar drie bietenplantjes uit groeien.

Fjouwer Living Labs 

SOILCRATES hat de ambysje om fjouwer Living Labs op te setten, yn Nederlân (Grinslân, Fryslân, Drinte), Frankryk (Landes), Ierlân (Midwest) en Spanje (Granada). Dit mei as doel om de boaiemkwaliteit te monitoarjen en te ferbetterjen yn de lânbousektor. Dêrneist is it fergrutsjen fan de boaiemletterens in wichtich doel fan it projekt. 

Dizze Living Labs foarmje in briedplak foar eksperiminten en kennisdieling, dêr't lokale belanghawwenden (tink oan boeren, lâneigeners, kennisynstellingen, oerheden, bedriuwslibben en oare ynteressearren) gearwurkje oan de útdagings oangeande boaiemsûnens. Binnen elk Living Lab sille minimaal 10 eksperiminten opset wurde, op basis fan de ynput út boeren en oare belanghawwenden (fia ko-kreaasjesesjes) en finansiere út SOILCRATES wei. 

It Noord Nederlandse Living Lab is in gearwurking tusken de kennispartners Hegeskoalle Van Hall Larenstein, Wetsus, Wageningen University Research, Louis Bolk Instituut, de provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân en agraryske kollektiven lykas Elan en Noardlike Fryske Wâlden. 

Eksperiminten 

Op de lokaasjes’t Kompas in Valthermond, Biosintrum yn Easterwâlde en SPNA Ebelsheerd in Nieuw Beerta (de ‘lighthouses’ yn EU-termen) wurde ko-kreaasje sesjes organisearre, wêryn’t lokale partijen (boeren, kennisynstellings, oerheden, kollektiven) mei-inoar kennis en ûnderfinings útwikselje en de issues as it giet om boaiemsûnens yn kaart bringe. Op basis dêrfan wurde ferskate projektfoarstellen foar eksperiminten útwurke. De earste Nederlânske eksperiminten hawwe op dit stuit in oanfraach foar finansiering yntsjinne. 

Oer it projekt: 

  • Leadpartner: Provinsje Fryslân
  • 21 partners út 6 lannen: Ierlân, Frankryk, Spanje, Nederlân, Grikelân, Italië
  • Looptijd: oktober 2024 – oktober 2028
  • Totaalbudzjet: € 11,9 miljoen
  • Webside: http://www.soilcrates.eu/
  • Abonnearje je hjir op it nijsbrief
  • Mear witte? Jildou de Raad, Coördinator Soilcrates / beleidsadviseur Team Landbouw & Natuur, 06 2966 1759, j.de raad@fryslan.frl
Het logo van SOILCRATES. Er staan gebogen lijnen op in aardkleuren. De letters zijn in diezelfde aardkleuren.