Yn de kommende jierren sil der in soad yn de soarch feroarje. De fergrizing is ien fan de oarsaken, mar ek de desintralisaasje fan soarchtaken soarget foar feroaring. Dat leveret net allinne útdagings, mar ek kânsen en ekonomyske ympulzen op. Tink oan nije soarchkonsepten, sûn âlder wurde (healthy ageing) en sûn iten. In goede gearwurking tusken it MKB en de soarch is dêrom mear as ea fan wêzentlik belang. Ek omdat beide sektoaren wichtige ekonomyske spilers yn Fryslân binne.

Mei it Útfieringsprogramma Soarchekonomy wolle wy soargje foar in ferbining fan it MKB en de soarchsektor. Boppedat wolle wy ynnovaasje yn it MKB, benammen op it mêd fan (sûnens) soarch, stimulearje. Sa wolle wy in bydrage leverje oan in Fryske soarchsektor dy’t de takomst treast is mei betelbere en adekwate soarch. Dat moat in goede ekonomyske spin-off foar it Fryske MKB opleverje en net ûnbelangryk: in stimulâns jaan oan de wurkgelegenheid yn ús provinsje.

Wat dogge wy dêrfoar?

Mei subsydzjes en ynvestearrings stimulearje wy de merk om oan ynnovaasjes en nije soarchkonsepten te wurkjen. Sa subsidiearje wy it Healty Ageing Netword Noord-Nederland en Springboard. Wy ynvestearje yn ferskate projekten troch provinsjale fûnsen lykas it Doe Fonds en Wurkje mei Fryslân. Ek stimulearje wy it brûken fan ferskate Europeeske fûnsen dêr’t ûndernimmers in berop op dwaan kinne, lykas VIA, MIT, OP-EFRO, Interregio A, B en C, Horizon 2020 en COSME.

Foarbylden

Der binne al inkelde moaie foarbylden wêryn’t de gearwurking tusken soarch en ekonomysk stal kriget:

  • Der is in digitaal platfoarm ûntwikkele foar soarch en stipe op ôfstân foar minsken (skermstjoeren op ôfstân)
  • Oan 5 Fryske gaming bedriuwen binne vouchers beskikber steld foar it ûntwikkeljen fan prototypen fan serious games, dy’t ynset wurde foar revalidaasje en eangstterapy.
  • Der is in bydrage levere oan it ûntwikkeljen fan in prototype yntelliginte tillift.
  • Der is subsydzje jûn oan in helberheidprojekt foar fisualisaasje mikrosirkulaasje by termtumor operaasjes.
  • Der is subsydzje jûn om te sjen nei hokker kompetinsjes fanneden binne foar takomstige professionals om oan de soarchfraach yn 2030 foldwaan te kinnen. Ek wurdt besjoen wat dat foar de boarger betsjut en hokker oansluting op it ûnderwiis fanneden is.
  • Der is subsydzje jûn foar it ûntwikkeljen fan 6 nije produktkonsepten op basis fan moal. Ynset is dat de âlderein better en sûnder begjint te iten.

Mear ynformaasje

Mear witte oer subsydzjes en oare ynvestearringsmooglikheden? Nim kontakt mei Yn Business (www.ynbusiness.nl(eksterne keppeling)) op of sjoch op de ûndersteande websiden of by de downloads.

Ynhâldlik

Finansjeel

Nijsbrieven