Sneeker Vleeshandel krijt Predikaat Hofleveransier
Sneeker Vleeshandel B.V. hat fan ‘e moarn - tongersdei 26 novimber - it Predikaat Hofleveransier krigen. Kommissaris fan de Kening Arno Brok rikte op it bedriuw de Keninklike erkenning út oan de direksje yn de persoan fan Jeroen Jansen yn bywêzen fan de lokoboargemaster Bauke Dam fan Súdwest-Fryslân. It bedriuw bestiet hjoed hûndert jier. It Predikaat is de kroan op in iuw fakmanskip en ûndernimmerskip.
Sneeker Vleeshandel is in echt Snitser famyljebedriuw mei no al de fjirde generaasje oan it helmhout. It waard yn 1926 yn Snits oprjochte troch Piet Jansen. It bedriuw levert heechweardige produkten oan ambachtelike slachters, hoareka taleveransiers en oare fleisferwurkjende ôfnimmers. By it bedriuw wurkje sa’n tsien minsken.
It bedriuw is ferankere yn de regio en telt njoggen meiwurkers. Hoewol’t de fleissektor as gehiel ûnder druk stiet troch maatskiplike trends en feroarjende konsumintefoarkarren, sjocht de ûndernimming kânsen om ûnderskiedend te bliuwen troch fernijing en klantgerichtheid. It bedriuw jout omtinken oan duorsumens en bistewolwêzen en is dernjonken maatskiplike belutsen fia sponsoring fan it lokale ferieningslibben.