Skoallen kinne los mei nije kearndoelen Fryske taal en kultuer

Sûnt 1 augustus 2026 binne de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer fan krêft. De kommende tiid krije alle primêr- en fuortset ûnderwiisskoallen yn Fryslân in startpakket om harren mei de ynfiering op wei te helpen. As symboalysk startmomint brocht deputearre Eke Folkerts mei in fleurige delegaasje woansdei 5 skoallen in besite om it startpakket te oerlangjen. Skoallen hawwe oant skoaljier 2030-2031 om de nije kearndoelen in plak te jaan.

Deputearre Folkerts: “Mei de nije kearndoelen brekt in nije faze oan foar Frysk yn it ûnderwiis. De nije kearndoelen geane fierder as allinne it learen fan de taal. Uteinlik giet it derom dat alle learlingen de kâns krije om it Frysk te learen én te brûken en dat sy betsjuttingsfolle ûnderfinings opdwaan kinne mei de Fryske taal en kultuer.” 

Mei in âlde skoalbus waard der in startpakket brocht by de fuortset ûnderwiis-skoallen Aeres en Comenius Mariënburg en de primêr ûnderwiis-skoallen IKC de Sprong, IKC Alexia en Doarpskoalle Wurdum. Alle oare pû- en fû-skoallen yn Fryslân krije it startpakket foar 1 oktober mei de post. Yn it startpakket sit it kearndoeleboekje, in kaarteset om mei-inoar it petear oan te gean oer de nije kearndoelen en oare ynformaasje oer hoe mei de kearndoelen oan de slach te gean en lesfoarbylden. 

Taalplan Frysk 2030

By it yn wurking stelle fan de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer kinne skoallen stipe krije fan Taalplan Frysk 2030. Op dy wize wurdt der wurke oan de doelstelling, fêstlein yn de BFTK 2024-2028, dat yn 2030 op alle skoallen yn Fryslân alle kearndoelen Fryske taal en kultuer ûnderdiel fan it ûnderwiisprogramma binne. Mear ynfo: www.taalplan.frl en www.kurrikulum.frl.