Wolle jo sels of yn ’e mande mei jo buert, wyk of doarp enerzjy besparje of opwekke? En wolle jo witte hoe’t soks yn syn wurk giet en wêr’t jo sa al rekken mei hâlde moatte? De neikommende organisaasjes kinne jo dêrby helpe.

Hjir kinne jo terjochte foar al jo fragen op it mêd fan duorsum (fer)bouwen, enerzjybesparjen, enerzjy opwekken en finansieringsmooglikheden. De measte Fryske gemeenten binne oansletten by dit loket. Kinne jo jo gemeente net fine, besykje dan te sykjen op enerzjyloket en ’e namme fan jo gemeente.

In provinsjaal netwurk fan ûnôfhinklike enerzjycoaches en -adviseurs dy’t jo ynskeakelje kinne foar it ferduorsumjen fan jo wenning.

In netwurk dat de provinsje mei faasje ferduorsumje wol en dêr’t jo teplak kinne foar tips om jo wenning te ferduorsumjen.

Helpt pleatslike inisjativen op ’e gleed en set him yn foar de enerzjybelangen fan lokale inisjativen yn Fryslân.

Set him yn foar frijwilligers dy’t oan ’e slach wolle mei enerzjytransysje.

Jout stipe oan klimaatkoprinners.

In moetingsplak foar duorsume doarpen.

Eigen koperative enerzjyleveransier fan en foar it Noarden.

Hokker subsydzjes en regelingen binne der?

Lanlike websiden

Mei hokker wet- en regeljouwing fan ’e provinsje kinne jo te meitsjen krije?