Rydsbrêge ûntbleate, sûchdieren fine harren wei om Gytsjerk hinne

De faunapassaazje yn de N361 by Gytsjerk draacht tenei sichtber de namme Rydsbrêge. Freed 11 septimber binne de namme op de brêge en in ynformaasjepaniel feestlik ûntbleate. De faunapassaazje ferbynt de natuergebieten Grutte Wielen (Natura 2000) en Bouwepet en makket diel út fan in grutter netwurk fan natuerferbiningen. Monitoaring mei wyldkamera's by Gytsjerk en de faunapassaazje tichteby lizzende faunapassaazje yn de Ottemawei brocht yn byld hokker bisten fan dy ferbiningen gebrûk meitsje.

"De N361 foarme lange tiid in grut knyppunt foar bisten lykas de otter. Mei in brede ûndertrochgong foar wetter en lân hawwe wy dat knyppunt oanpakt. De waarnimmingen fan de wyldkamera's befêstigje de wearde fan sokke robúste ferbiningen foar de natuer," seit deputearre Matthijs de Vries.

Romte foar bisten en wetter 

By de monitoring binne ferskate sûchdieren en fûgels fêstlein. De otter waard by beide passaazjes sjoen. By de Ottemawei waarden ek de seldsume wetterspitsmûs, beammarter, harmelyn en wezeling sjoen. De wetterferbining ûnder de N361 by Gytsjerk makket it dêrneist mooglik om de Bouwepet by ekstreem hege wetterstannen te brûken as wetterberging. 

‘Rydsbrêge’ ferwiist nei it ferline 

Op it ynformaasjepaniel kinne besikers mear lêze oer de natuer en skiednis fan it gebiet. De namme Rydsbrêge ferwiist nei de âlde wetterferbining tusken Gytsjerk en Ryptsjerk. Iuwenlang stutsen reizgers de Ryd mei de boat oer. Om 1725 hinne waard de Riedwalsterbrêge boud. Om 1925 hinne makke de brêge plak foar in daam. Mei de hjoeddeistige passaazje is ûnder de N 361 opnij in wetter - en lânferbining ûntstien. 

De faunapassaazje makke diel út fan gebietsûntwikkeling De Sintrale As en it natuerherstel yn de Grutte Wielen (Natura 2000). Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, gemeente Tytsjerksteradiel en de doarpsbelangen fan Gytsjerk en Ryptsjerk wurken hjirby gear.