Risptiid en rein? Wês alert op modder op ’e dyk

De risptiid is yn folle gong. Boeren en leanwurkers binne folop oan it wurk en troch lânbouweinen komt der soms modder op ’e dyk telâne. Yn kombinaasje mei rein kin dat gefaarlike situaasjes feroarsaakje. In tinne laach modder op wiet asfalt kin like ferriederlik wêze as iis. Mei de jierlikse modderkampanje freegje Provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten weibrûkers dêrom om ekstra wach te wêzen.

Benammen yn it bûtengebiet kinne diken ûnder de risptiid ynienen glêd wêze. Automobilisten, fytsers en motorriders krije dêrom it advys harren snelheid oan te passen en rekken te hâlden mei modder op de dyk. Ek agrariërs en leanwurkers hawwe in wichtige rol. Sy wurde oproppen warskôgingsbuorden yn de berm te pleatsen en de dyk sa gau as mooglik skjin te meitsjen as lânbouweinen modder efterlitte. 

Komst dochs op in glêd stik dyk telâne? Matich dyn snelheid en wês alert. Rekkest yn in slip? Lit dan it gas los, bliuw stjoeren yn 'e rjochting dêr'tst hinne wolst en rem net. Lit de wein rêstich útrôlje.

Kampanje

De modderkampanje is in inisjatyf fan it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF). De kampanje is de kommende tiid te sjen op spandoeken lâns de dyk en fia de mediakanalen fan de Fryske gemeenten en provinsje Fryslân. Ek is it boadskip geregeld te hearren en online te sjen fia Omrop Fryslân. 

Dêrnjonken soarget it ROF derfoar dat bestjoerders fan lânbouweinen ynformaasje krije fia it blêd Nieuwe Oogst en de lânbou-organisaasjes LTO en CUMELA Nederland.

ROF

It Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân wurket mei oerheden, organisaasjes en ynwenners oan feiliger ferkear yn Fryslân. Dat bart mei publykskampanjes, ferkearsedukaasje en oare ferkearsfeiligensprojekten. Mear ynformaasje is te finen op www.rof.frl.