Regiopakket Noard-Nederlân fanwegen it oan lân bringen fan wynenerzjy

De noardlike regio kriget fan it Ryk in regiopakket fan 124 miljoen euro foar projekten mei in positive ynfloed op de leefberens, de lânbou, de natuer en it opkearen fan it fersâltsjen fan ‘e grûn. De provinsjes Grinslân en Fryslân, de gemeenten Het Hogeland, Skiermûntseach, Noardeast-Fryslân, it Amelân en Westerkwartier, it Waterschap Noorderzijlvest en it Wetterskip Fryslân tekenje dêr yn desimber 2025 in bestjoersakkoart mei it Ryk foar.

Oanlis kabels fan see nei it noardlike fêstelân

Op ‘e Noardsee, boppe de Waadeilannen, komt wynenerzjygebiet Doordewind. Om de enerzjy fan de wynmûnen oan lân te bringen, leit netbehearder TenneT ûndergrûnske kabels rjochting de Eemshaven oan, dêr’t de stroom op it elektrisiteitsnet oansletten wurdt. Hoewol’t de regio gjin foarstanner is fan de troch it ministearje fan Klimaat en Griene Groei (KGG) keazen rûte, fynt de regio it oan lân bringen wichtich om Nederlân ek yn ‘e takomst fan foldwaande stroom foarsjen te kinnen. Neffens de regio hie de minister de saneamde tunnelrûte lykwols folweardich ûndersykje moatten foardat in kar foar ien rûte makke waard.

Regiopakket: Ferdieling en ynset fan middels

De oanlis fan de kabels hat ympakt op de omkriten. It regiopakket is dêrom in ekstra ympuls foar de regio en komt boppe-op wetlike kompensaasje. De ûntfongen middels bringe kânsen foar Noard-Nederlân mei him mei, bygelyks op it mêd fan leefberens, lânbou en wurkgelegenheid.

Op 20 juny 2024 kamen Ryk en Regio in bestjoersakkoart oerien oer de earste trâns fan 50 miljoen euro oan gebietsynvestearrings. It jild foar dy earste trâns is yn 2024 troch de partijen ferparte en de earste projekten binne wilens op gong brocht. Op 6 novimber 2024 kundige de Minister oan dat yn de twadde trâns 49 miljoen euro beskikber steld wurdt. Oanfoljend op it jild dat spesifyk foar gebietsynvestearrings bedoeld is, wurdt der ek ekstra ynvestearre yn de natuer en yn de útdagings oangeande it fersâltsjen fan de grûn yn it gebiet. De regio krige earder 18 miljoen euro foar in ‘ekologysk ympulspakket’. Dat wurdt no mei 2 miljoen euro oanfolle. Dêrnjonken is der 5 miljoen euro beskikber foar oplossings foar it fersâltsjen fan ‘e grûn.

De ferdieling en ynset fan de twadde trâns gebietsynvestearrings en de oanfoljende middels foar natuer en it fersâltsjen fan ‘e grûn binne ûnderdiel fan it Regiopakket. Dêr wurdt in regioplan foar opsteld, dêr’t de oanbelangjende regiopartijen op it stuit oer yn petear binne. Ein septimber 2026 wurdt dat regioplan oan it Ryk foarlein.

Regio pleitet noch troch foar de tunnelfariant

Foar de oansluting fan wynenerzjygebiet Doordewind jildt dat de ‘Schiermonnikoog Wantijroute’ yn july troch de minister fan KGG as foarkarsrûte keazen is. Dy rûte wurdt no troch TenneT fierder útwurke. De regio is fan betinken dat de tunnelfariant de bêste rûte is. De regio pleitet der dan ek mei klam foar om dy tunnelfariant fierder te ûndersykjen, njonken it beslút dat der no foar de foarkarsrûte Schiermonnikoog Wantij leit. Dat is ek yn it bestjoersakkoart opnommen en der is in mienskiplike sjenswize yntsjinne op de oansizzing fan de start fan de proseduere foar de útwurking fan de rûte Schiermonnikoog Wantij.