Reaksje Deputearre Steaten op Troanrede 2026
De provinsje Fryslân nimt de útstutsen hân fan it kabinet graach oan om sa gau mooglik ta in oplossing te kommen op de tema’s dy't ús lân de ôfrûne jierren yn de greep hâlde. “Oftewol avensearje en gearwurkje meiïnoar,” jout kommissaris fan de Kening Arno Brok as reaksje op de Troanrede.“ De Kening sei: ‘de takomst wachtet net op efterbliuwers’. Dêrom mei ek Fryslân net achterbliuwe by de karren en ynvestearringen dy't nedich binne om Nederlân foarút te bringen.” Fryslân kin mei romte, kennis en ynnovaasje konkrete oplossings biede foar nasjonale en ynternasjonale fraachstikken op it mêd fan lânbou, wetter, enerzjy en wenjen.
De oprop fan de Kening ta reedlikens en gearwurking fynt it kolleezje fan Deputearre Steaten dêrby terjochte. Fryslân nimt de útstutsen hân fan it kabinet oan om tegearre mei boeren en provinsjes de stikstofimpasse te trochbrekken. Op it mêd fan ynfrastruktuer mei lykwols gjin fierder útstel ûntstean. Underhâld en herprioritearring binne nedich om de basis op oarder te bringen, mar dat mei net betsjutte dat needsaaklike nije ferbiningen opnij nei achteren skood wurde. De Lelyline en in bettere berikberens fan it Noarden binne ûnmisber foar in fitale ekonomy, wenningbou, leefberens, nasjonale feiligens en de oansluting fan Nederlân op Noard-Europa.
Stikstof, lânbou en natuer
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân ûnderskriuwt de oprop fan de Kening om Nederlân út it stikstofslot te heljen, sadat de fergunningferliening wer op gong komme kin. It is goed dat dêrby ek it belang fan dúdlikheid, takomstperspektyf en stipe foar boeren beklamme wurdt. De eksplisite beneaming fan provinsjes as gearwurkingspartner is wichtich. Foar Fryslân is it fan belang dat de oanpak net allinnich perspektyf biedt, mar ek praktysk útfierber is en oanslút by de regionale omstannichheden. Fryslân wurket oan in Fryske Aanpak voor Stikstofreductie en Natuurherstel. Allinnich troch gear op te lûken mei it Ryk, de agraryske sektor en de provinsjes kinne wy komme ta in effektive en útfierbere oanpak dy’t wurket foar Fryslân.
Wenjen
Ek it prachtich omtinken foar wenningbou stimt ús posityf. Wy hoopje dat it aksjeplan foar it ferhastigjen fan de wenningbou konkrete mooglikheden biedt foar sawol de stêden as de lytse kearnen dy’t Fryslân ryk is. Yn de hiele provinsje binne nije wenningen hurd nedich. Se drage by oan de leefberens, fitaliteit en takomstbestindigens fan ús mienskip.
Berikberheid & Ynfrastruktuer
In sterke ekonomy en in leefber Fryslân begjinne by goede ferbiningen en betroubere ynfrastruktuer. It is dêrom goed dat it kabinet yn de Troanrede omtinken hat foar de grutte ûnderhâldsopjefte en it belang fan in goed funksjonearjend netwurk. Ek Fryslân stiet foar in grutte opjefte oan diken, brêgen en oare ynfrastrukturele foarsjennings. Ekstra middels binne dêrom wolkom en hurd nedich om de basis op oarder te hâlden. Tagelyk binne budzjetten beheind en binne karren nedich. Krekt dêr meitsje wy ús soargen oer: dat de needsaaklike ynvestearrings yn de berikberens en ferbiningen fan Noard-Nederlân net genôch prioriteit krije.
Troch de lizzing en de sprieding fan doarpen en stêden binne goede ferbiningen foar Fryslân fan grut belang. Se binne essinsjeel foar ús ekonomy, it MKB en de leefberens fan de provinsje. Ynvestearje betsjut dêrom net allinnich ûnderholden wat der is, mar ek bouwe oan de ferbiningen fan de takomst, lykas de Lelyline. Krekt foar in provinsje as Fryslân binne bliuwende ynvestearringen yn berikberens needsaaklik om meigroeie en folweardich ferbûn te bliuwen mei de rest fan Nederlân en Noard-Europa.