Rap ynternet yn Fryslân
Rap ynternet is fan belang foar de leefberens en wurkgelegenheid fan ús provinsje. De needsaak fan goed en rap ynternet is allinnich mar grutter wurden no’t wy mei-inoar hieltyd mear thús wurkje en leare. De provinsje Fryslân hat him yn de ôfrûne jierren ynset om der foar te soargjen dat yn it bûtengebiet rap ynternet komme soe. Underwilens binne der ferskate merkpartijen aktyf wurden yn Fryslân dy’t net allinnich yn it bûtengebiet, mar ek yn de doarpen foar glêstried soargje.
Kabelnoord
De provinsje Fryslân hat yn 2017 in opdracht yn de merke set foar de oanlis fan rap ynternet (minimaal 100 mb/s up- en downloadfaasje) foar de bûtengebieten yn de provinsje. De opdracht is troch Kabelnoord wûn. Kabelnoord ûntfangt in merkkonforme efterstelde liening fan €35 miljoen fan de provinsje Fryslân en maksimaal €57 miljoen fan de banken om de saneamde wite adressen (adressen dy’t allinnich in koperoansluting hawwe) yn it bûtengebiet oan te sluten. Sûnt 2018 is Kabelnoord begûn mei de oanlis fan glêstried en se hoopje it projekt yn 2021 dien te meitsjen. Foar de aktuele stân fan saken fan de oanlis fan glêstried de gemeente kinne jo telâne op de webside fan Kabelnoord(eksterne link).
Delta Fiber, Digitale Stad & KPN
Yn prinsipe soe Kabelnoord mei help fan de liening yn alle gemeenten oan ’e slach. Mar troch konkurrinsje hat Kabelnoord him yn trije gemeenten weromlutsen. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren is Delta Fiber Netwerk de partij dy’t glêstried yn it bûtengebiet oanlizze sil. Sy sille ek in grut diel fan de kearnen foarsjen fan glêstried. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Delta Fiber(eksterne link).
Digitale Stad foarsjocht it bûtengebiet fan alle kearnen fan glêstried yn de gemeente it Hearrenfean. Foar de aktuele stân fan saken fan kinne jo telâne op de webside fan Digitale Stad(eksterne link).
Ek KPN hat de ambysje om harren hjoeddeistige netwurk om te setten yn in glêstriednetwurk. Dêr binne/sille se yn ûnder oare Wolvegea, Drachten Stiens en Grou mei dwaande.
Unrendabele adressen
Foar de djoerste oanslutings yn it bûtengebiet, de ûnrendabele adressen, is in aparte oanpak. Yn ferskate gemeenten hat yn 2020 bliken dien dat de merkpartijen net alle adressen oanlizze. De djoerste adressen wurde oerslein. Provinsjale Steaten hawwe doetiids yn 2017 al €5 miljoen reservearre foar de oanlis fan rap ynternet nei dy adressen. Yn maaie 2021 is in opdracht yn de merke set mei in grut diel fan dat jild, om der foar te soargjen dat de ûnrendabele adressen dochs noch oansletten wurde. It giet konkreet om adressen yn de gemeenten Waadhoeke, Harns, Ljouwert, Noardeast-Fryslân en Opsterlân. De bewenners fan de ûnrendabele adressen wurde op de hichte holden fan dit proses.
Skoallen, bedriuweterreinen en Waadeilannen
De provinsje hat ûndersyk dien nei de oanwêzichheid fan rap ynternet op skoallen. Op basis fan de resultaten wurdt in plan fan oanpak skreaun om te stimulearjen dat skoallen ek gebrûk meitsje kinne fan de rappe ynternetferbiningen. De ûndersiken nei de stân fan saken fan rap ynternet op bedriuweterreinen en de Waadeilannen binne ûnderwilens klear. Mei de útkomsten fan de ûndersiken geane de gemeenten fierder.
Kontakt
Foar fragen en/of mear ynformaasje oer dit ûnderwerp kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 - 292 5925. Wy helpe jo graach!