Provinsje lûkt €3,2 miljoen út foar sterke foarsjennings yn Fryske doarpen
De provinsje Fryslân stelt €3,2 miljoen beskikber foar de nije DOM-regeling (Doarpsûntwikkelmaatskippijen). Dêrmei krije gemeenten en ynwenners de romte om mei-inoar plannen te meitsjen om foarsjenningen yn doarpen te behâlden en te fersterkjen en om goede plannen dêrnei út te fieren. It giet bygelyks om foarsjenningen op it mêd fan moetingsplakken, ûnderwiis, soarch en iepenbier ferfier. De earste ronde fan de regeling iepenet op 20 oktober 2026.
Basisfoarsjennings yn it lanlik gebiet stean hieltyd mear ûnder druk. Troch ûnder oare fergrizing en ûntgriening wurdt it op guon plakken dreger om foarsjenningen oerein te hâlden. Mei de DOM-metodyk wurkje ynwenners en gemeenten gear oan oplossings dy't passe by harren doarp of gebiet. Dêrby wurde sy begelaat troch in ûnôfhinklike DOM-tinker, dy't partijen byinoar bringt en it proses stipet.
“Mei dy regeling smite wy de lapen gear yn Fryske doarpen. Troch gearwurking oer grinzen hinne sille foarsjennings op it plattelân berikber bliuwe,” sa seit deputearre Sijbe Knol.
De regeling is rjochte op it opstellen en útfieren fan yntegrale plannen foar it dielen en/of klusterjen fan foarsjennings en it ferbetterjen fan de leefberens yn doarpen.
Fan plan nei útfiering
Foar de útfiering fan de plannen is yn 2028 €2,6 miljoen beskikber. Gemeenten dy't yn de earste faze in plan opsteld hawwe, kinne hjirfoar opnij subsydzje oanfreegje. De provinsjale bydrage is op syn minst €75.000,- en maksimaal €250.000,- it projekt en kin maksimaal de helte fan de subsidiabele kosten wêze. De plannen wurde ûnder oaren beoardiele op harren bydrage oan leefberens, takomst bestindigens, útfierberheid en kofinansiering.
De provinsje wol hjirmei net allinnich nije plannen oanjeie, mar benammen soargje dat oplossingen dy't út doarpen sels komme werklik realisearre wurde kinne.