Provinsje Fryslân stimulearret transformaasje en tûker gebrûk fan besteande wenningen
De provinsje Fryslân stelt fan 1 oktober ôf in subsydzjeregeling iepen om de besteande wenningfoarried better te benutten en flugger betelbere wenningen ta te foegjen. Der is €1 miljoen beskikber foar it transformearjen fan leechsteande gebouwen nei wenningen, inisjativen foar wenningsplitsing, wenningoanbou en it opheegjen fan besteande gebouwen. Ek foar in helberensûndersyk kinne eigeners subsydzje oanfreegje.
De subsydzje is €6.000,- de betelbere wenning, oant €60.000,- de oanfraach. Foar nultredenwenningen is dat mear, €8.000,- de wenning en oant €80.000,- de oanfraach. As âlderein in passende wenning fynt yn it eigen doarp of de eigen wyk, kin harren âlde wenning ommers frijkomme foar bygelyks in húshâlding. Wa't net wit wat mooglik is op syn lokaasje, kin subsydzje foar in helberensûndersyk oanfreegje. Dêr wurdt 70 persint fan fergoede, oant maksimaal €5.000,-.
Deputearre Abel Kooistra: “Wy moatte sunich wêze op de romte yn Fryslân. Ferbousto in leechsteand pân of setsto der in ferdjipping op, dan hoechst gjin nije grûn te brûken en gjin nije diken en liedingen oan te lizzen. Sa kinne wy flugger betelbere wenningen meitsje.”
Oanfreegje
Oanfreegje kin fan 1 oktober 2026 oant en mei 15 april 2027, of oant it budzjet op is. De oanfragen wurde behannele op folchoarder fan ynkomst, wêrby't de datum telt wêrop’t in oanfraach folslein is. Der binne in oantal betingsten, bygelyks dat in projekt op syn minst twa betelbere wenningen opleverje moat.
Sjoch foar alle betingsten en it oanfraachformulier op: www.fryslan.frl/wonen-subsidie
