Provinsje Fryslân stelt € 250.000 beskikber foar tûker bedongje en minder gewaaksbeskermingsmiddels

Hoe kinne boeren tûker omgean mei dongstoffen en it brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels ferminderje? Provinsje Fryslân wol agraryske ûndernimmers en oare belutsen partijen stimulearje om hjirmei oan de slach te gean. Dêrom stelt de provinsje €250.000,- beskikber foar projekten dy't bydrage oan in takomstbestindige lânbou. De subsydzjeregeling rjochtet him op twa ûnderwerpen, mei foar elk ûnderwerp in eigen budzjet en oanfraachtermyn. 

Foar projekten dy't bydrage oan it ferminderjen fan it gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddels is €100.000,- beskikber. De provinsje wol hjirmei stimulearje dat boeren, saakkundigen, omwenners en oare belutsenen kennis en ûnderfiningen útwikselje en mei-inoar sykje nei mooglikheden om it gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddels te ferminderjen. Bygelyks op kennisgearkomsten, ekskurzjes en gearkomsten yn it fjild. Projekten kinne maksimaal €25.000,- subsydzje krije. 

Tûker bedongje 

Foar projekten rjochte op tûker bedongje stelt de provinsje €150.000,- beskikber. It giet om inisjativen dy't bydrage oan in effisjinter gebrûk fan dongstoffen en minder útstjit en ferlieze fan stoffen nei boaiem, wetter en loft. Tink oan praktykproeven, demonstraasjefjilden, mjittings en it testen fan nije tapassingen. Projekten kinne maksimaal €50.000,- subsydzje krije. 

Kennis diele 

De provinsje siket projekten dy't oanslute by de Fryske lânboupraktyk en wêrfan't ek oare agrariërs leare kinne. Dêrom moatte de opdiene kennis en resultaten dield wurde mei de sektor. Agraryske ûndernimmers, leanwurkers, kollektiven, koöperaasjes, advysburo's en oare belutsen bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân kinne fan 26 novimber 2026 ôf subsydzje oanfreegje. Dat kin selsstannich of mei oare partijen. Projekten dy't allinnich ien ûndernimming ten goede komme of ûnderdiel binne fan de normale bedriuwsfiering, komme net yn oanmerking. 

Lânboudeputearre Abel Kooistra: Us boeren hawwe in soad kennis en ûnderfining. Mei dizze subsydzjes wolle we romte jaan oan nije ideeën en praktyske oplossingen dy't passe by de Fryske lânbou. Just troch mei-inoar te eksperimintearjen en kennis te dielen, kinne wy stappen sette dêr't mear boeren fan profitearje.

Mear ynformaasje en oanfreegje

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling, de betingsten en it yntsjinjen fan in oanfraach stiet op de webside fan de provinsje Fryslân.