Provinsje en Wetterskip reagearje op fundearringsrapport en kabinetsbrief: ‘Bliid mei folle oandacht, mar der is mear nedich’
It is in opstekker dat de fundearringsproblematyk yn Nederlân – ek dy yn it Fryske feangreidegebiet – it folle omtinken en erkenning krijt fan it Ryk. De oanpak dy't it demisjonêre kabinet no foarstelt is in begjin, mar set noch net genôch seadden oan de dyk foar de minsken dy't hjirtroch rekke wurde.
Dat sizze de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân yn in earste reaksje op twa freed ferskynde dokuminten oer de fundearringsproblematyk: it advysrapport ‘De Olifant onder de kamer’ fan ABDTOPConsult en in brief wêryn’t it kabinet op haadlinen oanjout hoe’t it mei oare partijen in nasjonale strategy útwurkje wol.
Langrinnende lanlike oanpak
De Fryske oerheden meitsje harren al langer sterk foar in langrinnende lanlike oanpak fan de fundearringsproblematyk. Yn it hiele lân hawwe eigeners fan wenningen en oare gebouwen skea, dy't meastentiids ûntstiet ûnder ynfloed fan boaiemdelgong en lege grûnwetterstannen. De omfang dêrfan is te grut foar lokale en regionale oerheden en freget om adekwate aksje op koarte termyn, omdat de situaasje oars allinnich mar slimmer wurdt.
De Raad voor de Leefomgeving en infrastructuur (Rli) sketste earder dat yn Nederlân de kommende 10 jier 425.000 gebouwen hjirmei te meitsjen krije kinne. Allinnich al yn it Fryske feangreidegebiet giet om nei skatting 12.500 huzen.
‘Yn de takomst mear nedich om problemen op te lossen’
ABDTOPConsult wurket trije senario’s út foar de ryksoerheid. Dy soe him ôfstanlik, belutsen of ferantwurdlik opstelle kinne. Provinsje en wetterskip konstatearje dat it kabinet benammen foar de ôfstanlike oanpak kiest en net sels as 'ferantwurdlike oerheid' de rezjy grypt by help oan eigeners. Deputearre Friso Douwstra: “Dit giet yn it foarste plak oer de grutte ympakt dy't dit hat op de wenten fan ús ynwenners. We binne tankber dat dêr no omtinken foar is. Mar der is yn de takomst mear nedich om harren problemen echt op te lossen. Wy hiene graach sjoen dat it Ryk dêr folmûnich it foartou yn nommen hie.”
Kabinet lit folgjende stappen oer oan opfolgers
De bewâldslju Keijzer (VRO), Tieman (IenW) en Aartsen (IenW) sjogge foarút oant 2028. Se rjochtsje har de kommende jierren op it regissearjen fan de gearwurking tusken alle belutsen partners en it opdwaan fan ûnderfining binnen in gebietsrjochte oanpak, mei omtinken foar de minsklike maat en it skeppen fan rânebetingsten. Dat is in wichtige basis foar in nasjonale oanpak, mar it demisjonêre kabinet lit folgjende stappen oer oan syn opfolgers.
Reservearre bedrach jout gjin wissichheid
De €56 miljoen dy't reservearre is foar de kommende 3,5 jier bliuwt dan ek fier út de buert fan de €1 miljard it jier dat ABDTOPConsult beneamt as' ankerpunt ' foar in langhjierrige lanlike oanpak. Fan dat jild kinne ynventarisaasje, stúdzjes en pilots betelle wurde, mar it jout gjin wissichheid oer de needsaaklike oanpak fan grutte oantallen gebouwen. It Ryk kiest eksplisyt net foar subsidiearring fan fundearringsherstel, mar foar finansjele stipe fia in lienstelsel. Dêrfoar wol it kabinet €20 miljoen stekke yn it al besteande Fonds Duurzaam Funderingsherstel.
Fryslân ien fan de seis koploperregio's
Posityf is dat Fryslân yn it advysrapport en de kabinetsbrief betitele wurdt as ien fan de seis koploperregio's 'waar energie is om gezamenlijk op zoek te gaan naar oplossingen'. Hjir wol it Ryk de kommende jierren yn oerlis mei legere oerheden en oare partijen sykje nei 'helbere en betelbere oplossings' dy't húseigeners hannelingsperspektyf biede.
Yn it Fryske feangreidegebiet is de lêste jierren troch alle oerheden al gebietsrjochte wurke oan dizze 'learoanpak'. Begjin 2024 is in fundearringsloket iepene, der is subsydzje beskikber foar fundearringsûndersyk en -herstel en der is socht nei oplossings foar 13 saneamde 'coderoodgevallen' yn de Groote Veenpolder.
‘Fryske hûseigeners steane der faker allinne foar’
De Fryske oerheden sizze mei klam dat de situaasje yn ús provinsje ôfwykt fan dy yn oare gebieten. Deistich bestjoerslid Remco van Maurik fan Wetterskip Fryslân: “In stedelijke gebieden is de bebouwingsdichtheid veel hoger. Dat maakt het makkelijker om funderingsherstel gezamenlijk op te pakken en kosten te delen. In onze plattelandsgebieden en kleinere kernen staan huiseigenaren er vaker alleen voor. Dat kan het herstel van een fundering duurder maken en ook de drempel om actie te ondernemen verhogen.”