Provinciale werkgelegenheidsenquête 2026
Alle jierren sammelet de provinsje wurkgelegenheidsynformaasje. Hjirfoar wurdt in grut part fan de bedriuwen en ynstellings yn Fryslân oanskreaun. De útnûging dêrfoar is foar in part skriftlik en foar in part per mail. De provinsje hat Ipsos I & O frege de útset fan de fragelisten te fersoargjen. It provinsjale wurkgelegenheidsregister makket mei de oare provinsjes ûnderdiel út fan it lanlike LISA register. Under de flagge fan de Ynterprovinsjale útfieringsorganisaasje BIJ 12. Wurkgelegenheidsynformaasje fine jo yn de Staat van Fryslân. De yngong ta in breed palet oan beliedsynformaasje. Dêr fine jo oersichtlike dashboards, ynformative kaarten, factsheets, ûndersiken of monitoaringsrapportaazjes.
Mei fragen kinne jo terjochte by de helpdesk fan Ipsos I & O fia helpdesk@ioresearch.nl of belje nei 053 20 05 300.