Projekt besprekke

Jo projekt of idee beprate mei de provinsje Fryslân 

Twivelje jo oft jo projekt of aktiviteit yn oanmerking komt foar subsydzje? Of fine jo gjin passende subsydzjeregeling? Nim dan kontakt op mei de provinsje Fryslân. Wy sjogge mei jo nei de mooglikheden en hokker ferfolchstap passend is. 

Belje ús: 058 - 292 59 25
E-mail: provincie@fryslan.frl 

Wat bart der as jo kontakt opnimme? 

Jo earste kontakt ferrint fia it Klantkontaktsintrum (KCC). In meiwurker: 

  • besprekt jo fraach oft aktiviteit op haadlinen
  • besjocht oft der in subsydzjeregeling is dy't past by jo projekt of aktiviteit
  • beoardielet oft it sinfol is om jo fraach yntern troch te setten 

As dêr oanlieding foar is, wurde jo yn kontakt brocht mei in beliedsmeiwurker. Dit bart net yn alle gefallen.

Ferfolch: ferkenning mei de provinsje 

Wannear’t jo fraach fierder bepraat wurdt mei in beliedsmeiwurker, ferkenne wy mei-inoar: 

  • of jo aktiviteit past binnen it provinsjale belied
  • hokker rol oft de provinsje eventueel spylje kin
  • of subsydzje in passend ynstrumint wêze kin 

Yn dy faze wurde gjin tasizzings dien oer subsydzje.

Mooglike útkomsten 

Nei de ferkenning binne ferskate útkomsten mooglik:

  • Subsydzje fia in regeling
    Jo aktiviteit past binnen in besteande subsydzjeregeling 
     
  • Undersyk nei in nije regeling
    Yn guon gefallen wurdt besjoen oft in nije regeling passend is
     
  • Subsydzje fia de provinsjale begrutting
    Yn spesifike situaasjes kin subsydzje streekrjocht ferliend wurde, lykas projektsubsydzje of boekjiersubsydzje 
     
  • Gjin subsydzje mooglik
    Net elke aktiviteit kin mei subsydzje stipe wurde